Woartelknobbelieltsjes
Appearance
(Trochferwiisd fan Woartelknobbelieltsje)
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Woartelknobbelieltsjes binne planteparasitêre ieltsjes dy’t by it skaai Meloidogyne hearre. Se komme foar yn de grûn en taaste de woartel oan. Der binne sawat 2000 plantesoarten dy’t oantaast wurde kinne.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komme woartelknobbelieltsjes foar op ûnder oare ierdappel, tomaat, mais en sûkerbiten. Nei ynfeksje wurde der gallen op de woartels foarme, dêr’t de ieltsjes yn libje en fiedingsstoffen út de plantesellen sûge.
Inkelde soarten dy’t yn Nederlân foarkomme binne:
- Meloidogyne hapla, it noardlik woartelknobbelieltsje dat lytse woartelknobbeltsjes foarmet en mear fertakking fan de woartels feroarsaket. Dit woartelknobbelieltsje kin ierdappels ek oantaaste, mar libbet fierder op de woartels fan oare planten (soarten út de Flinterblommefamylje, mais en oare nôtsoarten).
- Meloidogyne incognita allinne yn kassen en foarmet langwerpige knobbels.
- Meloidogyne arenaria spoaradysk en allinnich yn kassen en foarmet rûge knobbels.
- Meloidogyne javanica allinne yn kassen en foarmet frij grutte yninoar oerrinnende blomkoaleftige knobbels.
- Meloidogyne chitwoodi it maiswoartelknobbelieltsje dat sûnt de tachtiger jierren yn Nederlân benammen op mais foarkomt, mar ek op sûkerbiten en ierdappels. By in lege besmettingsgraad feroarsaakje se bobbels en pûkels ûnder de skyl fan de knollen.
- Meloidogyne fallax is in oar maiswoartelknobbelieltsje dat earst yn 1992 ûntdutsen waard en yn 1996 beskreaun.[1] Dit woartelknobbelietsje liket bot op de foarige soarte. Dy soarte komt benammen foar op sûkerbiten.
Folsleine soartelist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It folslein tal beskreaune soarten yn dit skaai is mear as 70.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|