Springe nei ynhâld

Universiteit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wittenskiplik ûnderwiis)
Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins

De Universiteit (fan Latyn universitas, - atis dat "ien hiel" of "mienskip" betsjut) is in ûnderwiisynstelling yn it heger ûnderwiis dy't wittenskiplik ûnderwiis jout, en dêr't ek wittenskiplik ûndersyk dien wurdt. De universiteit fersoarget akademyske opliedings en jout akademyske graden.

It wurd universiteit komt fan it Latynske universitas magistrorum et scholarium itjinge likernôch "mienskip fan ûnderwizers en wittenskippers" betsjut. De universiteiten hawwe harren oarsprong yn de midsiuwen, en komme as ûnôfhinklike ynstellings fuort út katedraalskoallen. De âldste universiteit is de Universiteit fan Bologna fan 1088. Krapoan tsien jier letter ûntstie de Universiteit fan Oxford. De universiteiten yn Jeropa ûntjoegen harren oan de ein fan de midsiuwen ta wichtige ûnderrjochtsynstellings en begûnen harren oer gâns de wrâld te fersprieden.

De namme universiteit is net wetlik fêstlein. Guon ûnderrjochtsynstellings neame harsels universiteiten, wylst se dat yn werklikheid net binne.

De Universiteit fan Bologna waard yn 1088 stifte en is de âldste universiteit yn de wrâld

It oarspronklike Latynske wurd universitas ferwiist yn it algemien nei "in tal lju dy't yn in groep feriene binne sa as yn bygelyks mienskip, bedriuw, gilde, maatskippij, ensafuorthinne". Doe't yn de midsiuwen de stêden en de gilden in hieltyd wichtigere rôl begûnen te spyljen, begûnen spesjaliseare groepen studinten en ûnderwizers mei kollektive wetlike rjochten dy't ornaris troch prinzen, prelaten of de stêden dêr't se yn fêstige wiene, beneamd waarden, troch it begryp universitas bekend te wurden. Lykas oare gilden bestjoerden se harren sels en bepaalden se harren eigen kwaliteitseasken.

Hjoed-de-dei betsjut it wurd "in ynstelling foar heger ûnderwiis dy't graden útjaan mei en ûnderwiis jaan mei dy't neat mei ambachten en beroppen te krijen hawwe". It oarspronklike Latynske wurd ferwiisde nei de graad-útjouwende ûnderwiisynstellings yn westlik en sintraal Jeropa. Dêr kaam dy foarm fan wetlik ûnderwiis it measte foar. Fan dêrwei fersprate sokke ynstellings oer de gânse wrâld hinne.

Wittenskiplike frijheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In wichtige skaaimerk foar in universiteit is it begryp "akademyske frijheid". It earste skriftlik bewiis dêrfan komt fan de Universiteit fan Bologna dy't yn 1155 of 1158 de Constitutio Habita oannaam. Dat joech in reizgjende wittenskipper rjocht op ûnbehinderjende trochgong yn namme fan it ûnderwiis. Dat wurdt hjoed-de-dei sjoen as de oarsprong fan de akademyske frijheid en wurdt ynternasjonaal erkend. Op 18 septimber 1988 tekenen 430 universiteiten de Magna Charta Universitatum, dêr't de 900ste jierdei fan de Universiteit fan Bologna by fierd waard. It tal universiteiten dy't de Magna Charta Universitatum tekenje wurdt hieltyd grutter en komme fan alle parten fan de wrâld

De Skoalle fan Atene troch Rafael yn 1509

Al yn de klassike âldheid wie der nei it leger ûnderwiis yn rekkenjen en skriuwen hegere opliedings dy't tsjin betelling folge wurde koene. Allinnich rikelju en aristokraten koene dat lykwols allinnich bekostigje. Filosofen, sprekkers en gramatikussen wiene ornaris de ûnderwizers. Yn de tiid fan it hellenisme ûntstiene der ynstellings, dy't te ferlykjen binne mei universiteiten, yn Atene en Aleksanderje. Yn de Romeinske tiid wiene der ek soksoarte ynstellings yn Kartago, Rome, Massilia en Konstantinopel. Nei de fal fan it Romeinske Ryk rekke it heger sekulêr ûnderwiis yn West-Jeropa alhiel yn it neigean, mar yn it Eastromeinske Ryk bleau de Universiteit fan Konstantinopel noch bestean, mar dy wie neffens guon skiedkundigen net mear as in fuortsetting fan de filosofeskoallen fan Atene as dat it in folsleine universiteit wie. Ek ynteresse yn net-godstsjinstige stúdzje ferdwûn dêre, mar stúdzje yn rjochten en medisinen lutsen wol studinten fan Jeropa en it Midden-Easten oan.

Universiteit fan Oxford oprjochte yn 1096
Gearkomste fan dokters yn de Universiteit fan Parys

Doe't de islaam him yn de sânde iuw rap útwreide, naam de belangstelling foar de eardere Grykske wittenskip en filosofy ta. Yn Bagdad, Kairo en Kordoba ûntstiene al rillegau wichtige universiteiten. Benammen Kordoba luts in soad Westjeropeeske gelearden om dêr te studearjen en te ûnderrjochtsjen.

De earste Westjeropeeske midsiuwske universiteiten waarden oprjochte nei it foarbyld fan dy fan Kordoba, alhoewol't de moderne universiteit syn oarsprong yn de midiuwske kristlike tradysje hie. Fan de sechsde iuw ôf fûn heger ûnderwiis plak yn katedraal- of kleasterskoallen (scholae monasticae). Muontsen en nonnen wiene ornaris de ûnderrjochters. Yn 1088 waard de Universiteit fan Bologna oprjochte foar de stúdzje fan rjochten, medisinen en teology, en al rillegau folgen dy fan Oxford yn 1096 en Parys yn 1150. Fan de trettjinde iuw ôf waarden der yn gâns Jeropa universiteiten oprjochte. Dy midsiuwske universiteiten waarden troch tsjerklike en boargerlike autoriteiten ûnderstipe. Foar de tsjerke wie de universiteit in middel om it leauwe fuort te sterkjen en minder om nije kennis op te garjen. De universiteiten krigen dêrtroch in soad privileezjes en koene frij selsstannich operearje.

Universiteit fan Heidelberg, de âldste universiteit yn Dútslân

Yn Jeropa giene jonge manlju nei de universiteit foar de stúdzje nei't se it trivium (grammatika, logika en retoryk) foltôge hiene en it quadrivium (rekkenkunde en mjitkunde, astronomy en muzyk). It trivium en quadrivium mei-inoar wurde wol de "sân frije keunsten" neamd.

Yn de Iermoderne tiid nei de midsiuwen waarden der in tal fan universiteiten oprjochte yn de measte grutte stêden, en wreide it tal stúdzjerjochtings ek stadichoan út. Under ynfloed fan de Ferljochting oan de ein fan de achttjinde iuw fûnen der in soad feroarings yn de universiteiten plak. Mei de wittenskiplike revolúsje kaam de moderne wittenskiplike metoade. De neidruk kaam tenei te lizzen op it garjen fan nije kennis en de ynfloed fan de tsjerke en godstsjinst waard hieltyd minder. Wichtich yn dy ûntwikkelings is it ûntstean fan de Humboldt-universiteit, neamd nei Wilhelm von Humboldt. Dat type universiteit waard lang oanholden, mar nei de Yndustriële Revolúsje waard de neidruk hieltyd mear lein op tapassings fan kennis yn de yndustry en maatskippij. Dêrtroch hawwe universiteiten de bannen mei de yndustry en de omkriten fersterke.

Wittenskiplik ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittenskiplik ûndersyk wurdt ynearsten dien yn fakulteiten, mar stadichoan ek hieltyd mear yn universitêre ûndersyksynstituten. Dêr't universiteiten ynearsten harren benammen op djipgeand ûndersyk rjochten, wurdt hjoed-de-dei in part fan it ûndersyk rjochte op it ûntjaan fan nije tapassings. Universiteiten wurkje gauris yn 'e mande mei oare universiteiten, kennisynstellings en bedriuwen

Akademyske mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De universiteit mei al syn meiwurkers en studinten foarmje winliken in akademyske mienskip. It wittenskiplik personiel fan in universiteit bestiet foar in wichtich part út heechleararen, ûniversitêr haaddosinten en universitêr dosinten. Dêrnjonken binne der postdoktorale ûndersikers en promovendussen, wittenskiplike meiwurkers mei in tydlike oanstelling. Heechleararen en dosinten kombinearje ûndersyk en ûnderrjocht almeast, wylst promovendussen en postdoktors harren benammen op it dwaan fan ûndersyk konsintrearje, mar hawwe lykwols ek in rôl yn it ûndersyk.

In universiteit is ferdield yn fakulteiten, akademyske departeminten en skoallen, dy't wer ûnderferparte wurde yn learstuollen, fakgroepen en stúdzjerjochtings. De fakulteit fynt syn oarsprong oan de midsiuwske Universiteit fan Parys, dy't fjouwer fakulteiten hie: Rjochtsgeleardens, Godgeleardens, Genêskunde en de "Fakulteit fan de Keunsten", wêrby't dy term ferwize nei de sân frije keunsten.

Bestjoer en tafersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wurdt in universiteit bestjoerd troch in kolleezje fan bestjoer, dy't bestiet út in rektor magnifikus, foarsitter en in tredde lid. Eltse universiteit ha dêrnjonken noch in meisizzenskipsried en in ried fan tafersjoch. Guon universiteiten hawwe foar eltse universiteit of op sintraal nivo in studintassessor. Dy studintassessor is in advysjouwend studintlid fan it bestjoer en is winliken in brêge tusken it bestjoer, de meisizzenskipsried en de akademyske mienskip.

In fakulteit is in bestjoerlike ienheid yn it heger ûnderrjocht. Dêr binne ûnderrjocht- en ûndersykstaken yn ûnderbrocht. In fakulteit sels kin ek wer ûnderferparte wêze yn subfakulteiten, departeminten en fakgroepen. In fakgroep of learstoel is it lytste bestjoerlike part fan in fakulteit.

Guon fakulteiten (haadstúdzjerjochtings) binne: rjochten, ekonomy en ekonomyske wittenskippen, politike en sosjale wittenskippen, psychology/pedagogyk, genêskunde en medisinen, wiisbegearte, teology en natoerwittenskippen.

Departeminten en fakgroepen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In fakgroep is in gearhingjende nust kennisgebieten. It wurdt hjoed-de-dei ek wol oantsjutten as basisienheid of learstoelgroep.

Undersyksynstituten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de fakulteiten hawwe in soad universiteiten ûndersyksynstituten, dêr't (parten fan) it ûndersyk yn ûnderbrocht binne. In part fan dy ynstituten falt ûnder in fakulteit, mar oare ynstituten dogge ûndersyk fan meardere fakulteiten. Om't it foech oer it ûndersyk fan de fakulteiten nei de ynstituten oergien binne, nimt it sizzenskip fan in soad fakulteiten oer it ûndersyk stadichoan ôf.

Soarten universiteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Princeton-universiteit yn Nij-Jersey, Feriene Steaten

Der binne algemiene of spesjalisearre universiteiten. Algemiene universiteiten biede ûnderrjocht en ûndersyk oer it gânse wittenskiplike spektrum, wylst spesjalisearre universiteiten harren dwaande hâlde mei in bepaald mêd.

Yn Nederlân wurde ek hbû-ynstellings mei it begryp "universiteit"/"university" oantsjutten, sa as bygelyks Stenden University yn Ljouwert. Gauris wurdt de Ingelske namme University of Applied Sciences brûkt. Dy binne lykwols yn werklikheid op akademysk mêd gjin universiteit. De namme "universiteit" waard yn Nederlân foar in skoft net wetlik beskerme en dêrtroch neame guon skoallen harren sels universiteit, wylst se dat net binne. Der waard njonkelytsen in wetsfoarstel dien om fêst te lizzen wa't tenei de namme "universiteit" en "hegeskoalle" brûke mei. Yn Dútslân is der in gelikense tastân dêr't de grins tusken universiteiten (Hochschule) en hbû's (Fachhochschule) dizich is.

In soad universiteiten binne iepenbiere universiteiten, dy't finansierre wurde troch de oerheid. Dêrnjonken besteane der privee-universiteiten, benammen yn de Feriene Steaten, lykas Harvard, Yale en Hofstra. Sokke universiteiten binne tige djoer en studinten kinne dat bekostigje troch in stúdzjeliening oan te gean of troch it bemachtigjen fan in stúdzjebeurs. De trochsneed stúdzjeskuld fan de Amerikaanske studint is $30.000.

Yn Fryslân is der ien universiteit en dat is de Kampus Fryslân, dat in fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins is, yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side.