Springe nei ynhâld

Witte de With

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Witte de With
militêr
Witte de With skildere troch Abraham van Westerveld yn 1650.
Witte de With skildere troch Abraham van Westerveld yn 1650.
persoanlike bysûnderheden
namme folút Witte Cornelissoan de With
nasjonaliteit Steatsk
berne 28 maart 1599
berteplak Brielle (Hollân)
stoarn 8 novimber 1658
stjerplak De Sont
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
tsjinsttiid 16161658
yn tsjinst fan Rep. f.d. Fer. Nederlannen
legerûnderdiel marine
heechste rang fise-admiraal (sûnt 1637)
befel Steatske float
konflikt(en) Tachtichjierrige Oarloch
Earste Ingelske Oarloch
Twadde Noardlike Oarloch
oar wurk Feriene Eastyndyske Kompanjy
Westyndyske Kompanjy

Witte Cornelissoan de With (Hoogendijk, 28 maart 1599 – De Sont, 8 novimber 1658) wie in Nederlânske floatfâd yn de santjinde iuw.

Witte de With waard berne yn Hoogendijk by Brielle, it berteplak fan Maarten Tromp, dy't ien jier âlder wie. Neffens de oerlevering wiene se yn har jeugd freonen of sels al fijannen, mar dêr is gjin bewiis foar: Tromp ferliet Brielle mei seis jier en Witte groeide op op in pleats in pear kilometer bûten de stêd. Alle soarten banen op lân: toudraaien, knopemakker, sidewurker, wantsnijer, seilmakker en skroar einigen allegearre yn mislearring foar de jonge Witte, en hy besleat syn fortún op see te sykjen.

Op 21 jannewaris 1616, mei 16 jier âld, wie De With yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy as kajútsjonge op de Gouden Leeuw, it skip fan kapitein Gheen Huygen Schapenham, by in float fan fiif skippen bestimd foar Yndia. Tusken novimber 1616 en oktober 1617 die er mei oan twa hannelsreizen nei kusten fan Coromandel yn Yndia. Neitiid waard er tsjinstfeint fan steedhâlder fan Nederlânsk-Ynje, Jan Pieterssoan Coen. Yn 1618 naam er as korporaal diel oan it belis fan it fort fan Jakarta; nei't it belis opheft wie, naam er diel oan 'e ferneatiging fan 'e stêd. Op 8 oktober 1618 fear er nei hûs op de Gouden Leeuw, werom nei Brielle op 23 maaie 1619. Op 20 augustus 1620 naam er tsjinst by de Admiraliteit fan Rotterdam as mei de rang fan skipper, noch ûnder Schapenham op de Gelderland. Fan desimber 1620 ôf diene de Gelderske mei oan in ekspedysje fan admiraal Willem Haultain de Zoete tsjin de Barbaryske piraten yn de Middellânske See, dy't yn augustus 1621 weromkamen.
Yn 'e maitiid fan 1622 waard er beneamd ta luitenant fan it skip fan Schapenham. Doe't dy siik waard kommandearre De With as luitenant-kommandeur it skip by in konfoaitocht op de Eastsee. Nei't Schapenham better wie fear De With as luitenant op de Maurits ta beskerming fan de hjerringfloat.

Reis om 'e wrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1622 waard De With flaggekaptein fan de Delft fan no fise-admiraal Gheen Huygen Schapenham. Op 29 april 1623 fear syn float fia Sierra Leone nei Súd-Amearika om de Spaanske besittings oan 'e westkust fan Perû, Bolivia en Ekwador te ferneatigjen. Se fearen yn maart 1624 om Kaap Hoarn hinne, wêrby't in nije farrûte ûntdutsen waard. De With hanthavene de dissipline sa strang dat seis matroazen fan syn skip op 13 april desertearren nei Juan Fernández, itselde ûnbewenne eilân foar de kust fan Sily dêr't it ferhaal fan Robinson Crusoe op basearre is. Oant augustus 1624 foel de float oan de westkust fan Súd-Amearika mei wikseljend sukses ferskate delsettingen oan en lei in blokkade oan foar de stêd Callao. Sa'n tritich skippen waarden oermastere of ferbaarnd, mar it slagge net om in belangryk sulvertransport te feroverjen, om't dat in pear dagen earder fuortgien wie. Under ien fan de aksjes waard De With rekke troch in musketkûgel. Nei de oerfal kearde de float net werom, mar fear de hiele Stille Oseaan oer nei it eilân Ceram.

Fia de Marianen kaam de float op 5 maart 1625 by de Molukken op it eilân Ternate oan. Op fersyk fan de steedhâlder fan Ambon hat De With dêr yn twa moanne sels in saneamde Hongi-ekspedysje fierd, as kaptein fan in leger, wêrby't systematysk de krûdnagelplantaazjes fan de pleatslike befolking fernield waarden om de priis fan de krûden op te driuwen. Hy focht seis kear tsjin in lânseigen kriichsmacht en liet sechstichtûzen krûdnagelbeammen kapje. Nei dy 'strafekspedysje' fear de float nei Batavia, dêr't se op 29 augustus oankaam.

De float fear nei hûs op 6 febrewaris 1626. Schapenham wie ferstoarn en De With wie beneamd ta kommandant, yn dit gefal adjunkt fise-admiraal (by de VOC) fan in weromkearfloat fan fjouwer skippen; de lading hie doe in wearde fan fiif miljoen gûne mei nei skatting ekwivalint fan 150 ton goud. Op 22 septimber 1626 kaam De With werom út Ynje op de Delft fia de Kaap de Goede Hoop. Thúskommen blieken ûnderwilens syn mem en suster stoarn te wêzen. Hy bleau dêrnei oardel jier oan wâl.

Fangst fan Spaanske sulverfloat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1628 waard De With, yn tsjinst fan de Westyndyske Kompanjy, flaggekaptein op de Amsterdam by admiraal Piet Hein by in ekspedysje fan 20 maaie om de Spaanske skatfloat te feroverjen. Yn septimber wie dizze oanfal suksesfol by Kuba. Op 10 jannewaris 1629 gie de float werom nei de Republyk. Fan de bút fan alve miljoen gûne krige De With sa'n 500 gûne, wêrmei't er tige ûntefreden wie.

Yn 1639 focht De With ûnder Maarten Tromp yn de Seeslach by Duins yn It Kanaal, dêr't de Spaanske float ferneatige waard. De With waard nei dizze oerwinning tige jaloersk op de populariteit fan Tromp.

Yn 1640 waard De With foar de rjochter brocht doe't er, nei't syn float troch in stoarm ferspraat wie, allinnich weromkaam nei Hellevoetsluis. De kriichsrjochtbank waard foarsitten troch Maarten Tromp en hoewol't er frijsprutsen waard, hie De With it twangmjittige idee dat Tromp besocht hie om tsjûgen tsjin him te beynfloedzjen.

Yn de Seeslach by Fehmarn yn 1644 en 1645 twong De With mei in enoarm konfoai keapfardijskippen de Denen, dy't besocht hiene hegere toltariven op te lizzen, de yngong nei de Eastsee te iepenjen.

Nederlânsk Brazylje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1647 waard De With mei in min útriste float stjoerd om de Nederlânske koloanje Brazylje by te helpen fan oanfal fan de Portugezen. Hy wegere mei te wurkjen mei de Ried fan Brazylje en, nei in protte moannen fan konflikt wêrby't syn float troch gebrek oan foarrieden efterútgong, kearde er yn novimber 1649 tsjin befel mei de twa oerbleaune seeweardige skippen werom nei Nederlân.

By syn weromkomst gyng er nei de Steaten-Generaal om te kleien oer it belied fan 'e koloanje Brazylje mar waard sels arresteare, beskuldige fan ynsubordinaasje en desertering op 259 punten en hast feroardiele ta ûnthâlzing.

Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch tsjin it Mienebest fan Ingelân, doe't luitenant-admiraal Maarten Tromp yn 'e hjerst fan 1652 yn skande rekke by de Steaten-Generaal, joech De With it befel oer de Nederlânske float yn 'e Slach by de Kentish Knock, mar mislearre yn syn missy. Moreel brutsen bleau er in protte moannen siik thús, wylst Tromp him ferfong foar de Slach by Dungeness en de Slach by Portland. Op 8 maaie waard Tromp wer offisjeel opperbefelhawwer en focht De With as ûnderkommandant ûnder Tromp yn de folgjende aksjes: de Slach oan de Gabbard en de lêste Slach by Scheveningen dêr't Tromp yn ferstoar. De With wie tusken 14 augustus en 22 septimber tydlik kommandant, mar waard fanwege syn drege persoanlikheid permanint befel oer de Nederlânske float wegere.

De With krige yn novimber 1658 yn 'e Slach by de Sont, yn 'e Noardlike Oarloggen, it befel oer de foarhoede fan 'e Nederlânske float dy't Kopenhagen fan 'e Sweden ûntloste. Syn skip; de Brederode, waard grûn en omsingele troch de fijân by de Sont. Hy waard earst troch in musketbal troch de linker dij sketten en oeren letter troch it boarst. Doe't Sweedske soldaten op it skip kamen wegere er syn swurd oer te jaan, wraksele mei twa fan harren op 'e knibbels en rôp: "Ik haw dit swurd safolle jierren trou foar Hollân hâlden, dat ik sil it net opjaan oan guon gewoane soldaten!" Hy stoarte yn, waard nei syn kabine brocht om te herstellen, stie der oan om sels de gangplank nei it Sweedske skip te rinnen, stoarte wer yn en stoar. Syn lichem waard balseme yn opdracht fan Karel X fan Sweden en útstald as oarlochstrofee yn it stedhûs fan Helsingør troch de Sweden, dy't syn lichem yn jannewaris 1659 oan it Deenske hof yn Kopenhagen levere; nei't de Denen har earbied dien hiene, waard it nei Nederlân ferfierd en op 7 oktober yn Rotterdam begroeven yn de Sint-Laurentiustsjerke, dêr't de moarmeren grêfstien noch te sjen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.