Springe nei ynhâld

Witmarsum (Brazylje)

Ut Wikipedy
Witmarsum
Lizzing fan Witmarsum yn Santa Catarina
Lizzing fan Witmarsum yn Santa Catarina
Bestjoer
LânBrazylje
SteatSanta Catarina
MesoregioVale do Itajai
BoargemasterFridolino Nitz (sûnt 2012)
Sifers
Ynwennertal3.601 (2011)
Oerflak150,79 km²
Befolkingsticht.24 / km²
Hichte370 m
Oar
Stifting15 juny 1924
Postkoade89157-000
TiidsôneUTC-3
Offisjele webside
Webstee fan Santa Catarina

Witmarsum is in stêd yn de Brazyljaanske dielsteat Santa Catarina. It plak leit sa'n 110 km fan de Atlantyske kust ôf en net fier fan de stêd Blumenau op in hichte fan 370 m. boppe seenivo.

De stêd is yn 1924 stifte troch trije Dútske ymmigranten (Paul Zerna, August Langhorst en Helmuth Teosowski) út de eardere dútske koloanje Namybje yn Afrika; de krite hiet dêrfandinne yn 't earstoan dan ek Nova África.

Yn 1930 ferfearen in protte Dútske mennoniten út Ruslân en de Oekraïne nei dy koloanje. Ta eare fan de doperske Menno Simons waard de koloanje letter nei syn berteplak Wytmarsum omneamd.

Doe't de koloanje yn 1954 de status fan distrikt krige, waard Witmarsum op 15 juny 1962 offisjeel in stêd.

De stêd hellet tsjintwurdich twatredde fan syn ynkommen út agraryske produkten (benammen molke, melasse út sûkerreid, wyn en bargefleis). De measte ynwenners binne lytse boeren.

  • Diário Catarinense, A Força SC; Florianópolis, 11 augustus 2005

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]