Springe nei ynhâld

Winterjûnenocht

Ut Wikipedy
Oankundiging winterjûnenocht

Winterjûnenocht wie in gearkomst mei foardrachten ta nut en fernoegen, by wintertiid, yn it Fryslân fan 1860 oant om 1914. Meastentiids nûgen kasteleins of doarpsnotabelen de sprekkers út.

It winterjûnenocht begûn yn 1860 doe't Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen de boer op giene. Sy diene dat mei ideëel doel, mar ek foar it fertsjinst. Sy woene sa it Frysk propagearje en it folk opbringe, har wat kennis en kultuereel oan bybringe. Oaren kamen der rillegau by, Gerben Colmjon, Auke Boonemmer, Jentsje Sytses Sytema en ek Marten Hepkes Bakker.

It wiene meast frijsinnige, liberale sprekkers, mei ferljochtingsidealen. Dat stie it rjochtsinnige ortodokske part fan de befolking net oan en der wie op plakken iepentlik ferset. It winterjûnenocht wie ek konkurrinsje foar de gearkomsten fan it Nut en dy fan it Protestantebûn. Dochs hat it it ûntstean fan toanielferienings en it lêzen befoardere.

Nei 1890 begjint it winterjûnenocht in wat oar karakter te krijen: toaniel, muzyk en sjongen komme derby. Bygelyks, Simke Molenaar en Lambertus Krips hawwe dat sa fan 1904 oant 1926 dien. (stik: 'It spantsje!')

Yn dy jierren komme de Jongfriezen en Nijfriezen mei harren krityk dat de winterjûnenochtsprekkers te folks bleaun wiene, sy woene mear keunst bringe. Doe wie it njonkenlytsen dien mei de foardrachten en gearspraken, útsein yn ortodokske fermiddens dêr't de wjerstân tsjin toaniel noch oanduorre.

It winterjûnenocht yn syn 19e-iuwske foarm mei útstoarn wêze, dochs binne der yn in protte Fryske doarpen en stêden hjoeddeiske foarmen fan ferdivedaasje, dy't hieltyd faker ek oantsjut wurde as winterjûnenocht. Te tinken falt oan it toaniel, sjongjûnen, sprekkers oer earnstige ûnderwurpen, mar ek foardrachten en gearspraken wurde noch altyd hâlden. [1] Pedagogysk of moralistysk sil it net gau mear wêze, dat is net mear fan dizze tiid.

  • S. J. van der Molen, En Harke mei syn kleare kop - oer de skiednis fan it Winterjûnenocht, 1984

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. e.o. (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Winterjounenocht

  1. Google, winterjûnenocht