Springe nei ynhâld

Jentsje Sytses Sytema

Ut Wikipedy

Jentsje Sytses Sytema (Grou, 28 septimber 1824 - Haulerwyk, 23 oktober 1885), wie in boer, besibbe oan de bruorren Halbertsma, foarme earst mei Auke Boonemmer fan 1862 oant 1865 in duo by it Winterjûnenocht; letter die er dat mei syn soan Jehannes, oant 1869.

Sytema wie menist en agearre tsjin it 'wurdkristendom' yn syn bekendste wurk 'Katechismus fen de Leare der Wierheid'.

  • Hinne en Hinke, of it fordiele houlik foriene, 1862
  • It berch-feest to Appelskea, În it Frysk besongen, 1862
  • Katechismus fen de leare der wierheid, 1875

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. e.o. (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Sytema, J. S.