Springe nei ynhâld

Wim Quist

Ut Wikipedy
Wim Quist
Wim Quist (1973)
Wim Quist (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wim Gerhard Quist
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 oktober 1930
berteplak Amsterdam
stoarn 6 july 2022
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
prizen Prix de Rome (1958) 2de priis boukuenst,
A.J. van Eckpriis (1970),
BNA-kubus (1986),
David Roëllprijs (1989),
Oeuvrepriis Fonds BKVB (2007)

Wim Gerhard Quist (Amsterdam, 27 oktober 1930Amsterdam, 6 july 2022) wie in Nederlânsk arsjitekt. Rjochthoeken, trijehoeken en sirkelfoarmen beynfloedzje syn ûntwerpen. Hy hie omtinken foar de relaasje tusken gebou en omjouwing, stelde de funksje fan it gebou sintraal, en sette him ôf tsjin ûnnedige fersieringen.

Quist makke yn 1960 syn stúdzje oan de Academie van Bouwkunst yn Amsterdam ôf. Al yn 1959 waard him de Prix de Rome takend en ûntwurp er foar de Gemeentewurken Rotterdam it Drinkwetterproduksjebedriuw Berenplaat. Yn 1960 sette er mei syn eigen arsjitekteburo yn Rotterdam útein. Hy ûntwurp ûnder oare de wite wetterbollen oan de Anton Coolenlaan yn Eindhoven, boud yn 1970, in nije fleugel foar it Kröller-Müller Museum yn Otterlo yn 1977, it Museon yn De Haach yn 1985, de nije Rotterdamske Skouboarch (bynamme De kiste fan Quist) yn 1988 en it Museum Beelden aan Zee yn Skeveningen, dat yn 1994 iepene waard. In byldbepalend wurk is it kantoargebou Willemswerf, in rjochthoekich gebou dat trochsnien wurdt troch in lange diagonaal. Ek it drinkwetteropslachplak by de Brienenoordbrêge yn de foarm fan wetterdrippen wie fan syn hân. Ek ûntwurp er de Benno Premselabrêge yn 2004 en de Uyllanderbrêge yn 2012 yn Amsterdam.

Hy wie heechlearaar oan de Technyske Universiteit Eindhoven fan 1968 oant 1975. Dêrnei wie er ryksboumaster yn de perioade 1971 - 1979. Fan 1988 oant 1994 wie er bysûnder heechlearaar yn it bysûnder arsjitektoanysk ûntwerpen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1995 waard it buro fan Quist gearfoege mei Arsjitekteburo Wintermans oant Quist Wintermans Architekten.

Yn 2021 spande er in rjochtsaak oan tsjin drinkwetterbedriuw Evides dat in kantoar ûntwerpe liet tsjin it tsjinstgebou op it kompleks fan Kralingen, in oarspronklik ûntwerp fan Wim Quist. De rjochter stelde in ynbrek op syn auteursrjocht fêst en hjitte Evides mei him te oerlizzen.

Quist ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 91 jier.