Wim Bakker
Wim Bakker | ||
politikus | ||
echte namme | Willem Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1955 | |
berteplak | ? (Nederlân) | |
stjerdatum | 17 july 2014 | |
stjerplak | by Hrabove (de Oekraïne) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
partij | PvdA |
Wim Bakker (folút: Willem Bakker; 1955 – by Hrabove (de Oekraïne), 17 july 2014) wie in Nederlânsk lokaal en gewestlik politikus en bestjoerder. Yn 2014 kaam er boppe de eastlike Oekraïne om by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker wie jierrenlang foarsitter fan 'e pleatslike PvdA-ôfdieling Zoetermeer. Syn opfolger Werner Kasten, dy't him goed koe, omskreau him as "in ûnferbetterlike optimist", en as "in uterst ynteger foarsitter, dy't ferskillende opfettings gearbringe koe sûnder minsken op it sear te kommen." Behalven fan 'e ôfdieling Zoetermeer wie Bakker ek lid fan it PvdA-gewest Súd-Hollân. Under de kampanje foar de lanlike ferkiezings fan 2012 siet er yn 'e ûnôfhinklike kommisje dy't de kandidatelist fan 'e partij opstelde.
Fierders wie Bakker oant mids juny 2014 sekretaris fan 'e Zoetermeerder Atletiek- en Recreatievereniging Ilion, en badmintonde er by Badmintonclub Rokkeveen. Bakker wie troud en hie trije bern, Jorn, Suze-Ann en Rolf.
Bakker wie ien fan 'e passazjiers op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Dêrby kamen Bakker, syn frou Annet Bakker-De Jong en alle 296 oare ynsittenden om it libben. Bakker waard 59 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |