Springe nei ynhâld

Willy Krogmann

Ut Wikipedy

Willy Krogmann (Wismar, 13 septimber 1905 - Hamburch, 20 maart 1967) wie in Dútske mediavist. Hy wie dwaande mei fryske- en nederdútske filology, germaanske linguïstyk, runology, en ek mei saneamde germaanske archeology.

Oplieding en wurkpaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de stúdzje germanistyk, filosofy, midsiuwske- en nije skiednis yn Rostock promovearre er dêr 1928 mei Untersuchungen zum Ursprung der Gretchentragödie. Yn 1939 waard er privaatdosint oan de Universiteit Königsberg nettsjinsteande de wjerstân tsjin syn beneaming.

1933 waard er lid fan de NSDAP en it Nasjonaalsosjalistyske Dútske Dosintebûn. Fan 1933 oant 1936 wurke er by it Ynstitút Deutsches Wörterbuch yn Berlyn, dat Grimm syn Deutsches Wörterbuch fannijs útjoech. Dêrnei wie er meiwurker oan Trübner syn Dútsk Wurdboek oant 1939. Dat wurk ferwiksele er foar dat fan wittenskiplik meiwurker oan de Universiteit fan Hamburch, dêr't er ûnder mear dosint Frysk wie. Fan 1940 oant 1945 wurke er as Sonderführer fan de Wehrmacht yn it besette Nederlân, dêr't er fan 1940 ôf lid fan de Fryske Akademy yn Ljouwert wie.

Yn 1947 sette er útein mei wurk oan it Helgolanner Wurdboek en yn 1948 waard er haad fan it Friesischen Institut yn Hamburch, dat stifte wie op oanstean fan it Hamburger Gilde.[1] Fan 1952 oant 1960 hie er in learopdracht oan de Hamburger Universiteit en fan 1960 oant 1967 wie er lektor Fryske filology.

  • Untersuchungen zum Ursprung der Gretchentragödie. Wismar 1928 (dissertaasje)
  • Der Name der Germanen. Wismar 1933
  • Goethes 'Urfaust'. Berlyn: 1933 (= Germanische Studien, bân 143)
  • Der Rattenfänger von Hameln. Berlyn 1934
  • Die Heimatfrage des Heliand im Lichte des Wortschatzes. Wismar 1937
  • Breiz da Vreiziz! ("Die Bretagne den Bretonen!"). Zeugnisse zum Freiheitskampf der Bretonen. Halle 1940 (= Schriftenreihe der Deutschen Gesellschaft für Keltische Studien, bân 6
  • (als Herausgeber:) Hermann Boßdorf. Gesammelte Werke. 11 bannen, Hamburch 1952-1957
  • Helgoländer Wörterbuch. Mainz 1957-1969 (5 ôfleveringen)
  • Das Lachsargument. In: Zeitschrift für vergleichende Sprachforschung 76, 1960, s. 161–178
  • (mei Ulrich Pretzel:) Bibliographie zum Nibelungenlied und zur Klage. 4 ôfl. Berlyn 1966
  • Christoph König (werútj.): Internationales Germanistenlexikon 1800–1950. bân 2, Berlyn - New York 2003, s. 1023–1025

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zeitungsmeldung, Hamburger Abendblatt fan 20 desimber 1948