Springe nei ynhâld

Willy Brill

Ut Wikipedy

Willemien Jacoba "Willy" Brill (Rotterdam, 21 septimber 1926Amsterdam, 10 novimber 2017) wie in Nederlânsk stimaktrise, harkspulregisseur en fertaalster.

Oarspronklik wie Willy Brill toanielaktrise. Fan de jierren 1950 ôf makke se karriêre as stimaktrise en harkspulregisseur. Fan 1968 oant 1992 wie se te hearren op tillefoannûmer 002 (letter 06-8002), dat de beller fia in fan Brill yn 1968 ynsprutsen lûdsbân de krekte tiid fernijde. Yn dy perioade wie dat it op ien nei meast belle telefoannûmer yn Nederlân.[1]

Willy Brill, wa har heit oft Joadsk wie, krewearre foar it behâld fan it Jiddysk. Brill joech ek les yn it Jiddysk, fertaalde boeken fan de Jiddyske Bibleteek en rjochte yn 2000 de Stichting Jiddisj op, dy't de Jiddyske taal, literatuer en kultuer bewarje woe. Mei gitarist Pieter van der Staak en poppespiler Feike Boschma fierde se jierrenlang Jiddyske teäterfoarstellingen op.[2]

Willy Brill wie boaske oan sosjolooch J.A.A. van Leent. Letter hie se ferkearing mei sosjograaf A.K. Constandse (1929-1989). Se stoar yn 2017 yn de âldens fan 91 jier.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwe stem bij telefonische tijdmelding, Digibron, 27 april 1992.
  2. Willy Brill, performer, vertaler en pionier van de Jiddische revival, Kol Mokum, septimber 2009.
  3. Willy Brill (1926-2017), actrice met beroemde stem die zich sterk maakte voor Jiddisch erfgoed, de Volkskrant, 12 novimber 2017.