William Orpen
Sir William Newenham Montague Orpen, KBE (Stillorgan, County Dublin, 27 novimber 1878 - Londen 29 septimber 1931) wie in Iersk keunstskilder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Orpen wie in soan fan in Iersk abbekaat. Hy studearre oan de Metropolitan School yn Dublin en dêrnei oan de Slade School of Fine Art yn Londen, dêr't befreone rekke mei Augustus John.
Yn 1899 krige Orpen foar it earst wurdearring foar syn wurk en wûn in priis mei syn allegoaryske skilderij “Play Scene from Hamlet”. Yn 1902 iepene er tegearre mei Augustus John in atelier yn Chelsea. Mei troch oanrikkemandaasjes fan John Singer Sargent waard er yn de jierren dêrnei ien fan de meast frege portretskilders yn Londen. Dêrneist makke er ek eksperimintele selsportretten, faak mei i frijwat dramatyske útstrieling [1]. Tagelyk skildere er in soar wurk mei ympresjonistyske motiven. Hy reizge geregeldweiwei nei Ierlân om dêr te wurkjen. Syn skilderijen út dy tiid wurde tsjintwurdich ta de Ierske Renêssânse rekkene, de oantsjutting fan it kultureel oplibjen yn dat lân ier 20e iuw. Nei de Peaskeopstân fan 1916, dy't er as lânferrie beskôge, soe er nea weromgean nei Ierlân.
Yn de Earste Wrâldoarloch kaam Orpen yn tsjinst as offisjeel oarlochsskilder, yn it ramt fan in “War-Artist-Project”. Yn 1917 reizge er it westlik front bylâns en skildere de ûntheistere slachfjilden, mar ek in protte offisjele portretten fan offisieren en politisy. Doe't de oarloch dien wie, wie er as skilder oanwêzich by de ûndertekening fan de Frede fan Fersailles (1919), dêr't er in mânsk skilderij fan makke, dat hjoed de dei yn it Imperial War Museum yn Londen te sjen is.
Orpen waard djip rekke troch wat er yn de kriich sjoen hie; hy publisearre syn oantinkens en bleau ek yn syn lettere libben in protte oarlochsskilderijen meitsjen. De eksposysje fan syn skilderij “To the Unknown British Soldier in France” yn de Royal Academy of Arts feroarsake frijwat opskuor meidat er in deakiste yn it Paleis fan Versailles, mei de Britske flagge dêrop, flankearje liet troch twa healneaken soldaten. Lang om let hat er dy beide soldaten oerskildere en waard skilderij ek akseptearre troch it Imperial War Museum.
Orpen stoar yn 1931 yn Londen, yn de âldens fan 52 jier. Hy hat goed seishûndert portretten neilitten.
Op it Iersk Fredespark yn it Belgyske Mesen stiet in betinkingsstien, ta oantins oan de Earste Wrâldkriich, mei dêrop de folgjende tekst fan Orpen: I mean the simple soldier man, who when the Great War first began, just died, stone dead from lumps of lead, in mire.
Selsportretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Selsportret''
-
Selsportret mei bril, (1907), Laing Art Gallery
-
De man fan Aran, (1909)
-
Selsportret, (1917) (Art.IWM ART 2382)
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- An Onlooker in France, 1917–1919. (1921)
- Stories of Old Ireland and Myself. (1924)
- The Outline of Art. (1924)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Robert Upstone: William Orpen: Politics, Sex and Death. Londen, 2005, ISBN 0-85667-596-2
- Bruce Arnold: Orpen: William Orpen 1878–1931, (Lives of Irish Artist). 1991, ISBN 0-948524-25-1
- Utstallingskatalogus National Gallery of Ireland: William Orpen, 1878–1931: A Centenary Exhibition. Dublin, 1978, ISBN 0-903162-20-2
- Paul George Konody, Sidney Dark: Sir William Orpen: Artist & man. Londen 1932
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory William Orpen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|