Willem van Haren (dichter)

Ut Wikipedy
Willem fan Haren

Jhr. Willem fan Haren (Ljouwert, 21 febrewaris 1710Sint-Oedenrode, 4 july 1768), broer fan Onno Zwier fan Haren, wie in Nederlânsk dichter, diplomaat en kritikus fan it koloniale bewâld.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem fan Haren studearre yn Frjentsjer, letter yn Grins. Nei it ferstjerren fan syn pake Willem fan Haren (grytman) yn 1728 folge hy him op as grytman fan It Bilt. Op syn lângoed waarden jirpels ferboud, [1] dy't iten waarden troch Amsterdamske weesbern. Eltsenien waard siik omdat se ferkeard tamakke wienen. Yn desimber 1752 fernielde in brân yn syn hûs by Sint Anne syn boekerij, en dêrmei it Deiferhaal fan Daam van Haren, de wettergeus. Mei syn frou, Marianne Charles, dy't yn it gefolch fan prinsesse Anna yn de Nederlannen komd wie, bewenne er it hûs yn Sint Anne, oant syn beneaming yn de Steaten-Generaal (1740) dêr't hy al gau mei syn oprop om mei te dwaan oan de Eastenrykske Suksesjeoarloch, ek as dichter optrede. Fan Haren skreau in lilk gedicht oer de Bataviaaske Fury, wêrby't teminsten 5.000 Sinezen de dea fûnen.[2] Yn 1744 stelde in Fryske ôffurdige út dat de Sosjeteit fan Suriname no wol genôch fertsjinne hie oan de koloanje en oft it sels foar de definsje opdraaie moast of de koloanje oerdrage moast.

Doe't Nederlân yn oarloch wie, waard hy deputearre yn it fjild, oant febrewaris 1748. As skout fan Peellân wenne er by Sint-Oedenrode, dêr't er Henkeshage kocht hie en hie yn syn ôfwêzichheid ûnwerstelbare ferliezen yn syn Fryske goederen. Hy waard folmachtige oan it hof te Brussel, mar rekke troch in twadde houlik yn 1659 mei syn húshâldster, Catharina Louise Natalis, út de geunst fan prinsesse Anna. Syn sitewaasje waard hieltyd niteliger en yn 1767 bruts hy syn bilbonke. Willem van Haren makke op 4 july 1768 op Henkeshage in ein oan syn libben.

Ien fan syn bastertdochters, Henriette Amalia de Nerha, wie de leafste fan Mirabeau, in Frânsk revolúsjonêr.[3]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ter gedachtenis van myne moeder (Ljouwert 1732); syn earste gedicht
  • Gevallen van Friso (Amsterdam 1741, 1758)
  • Woest Batavia, (1740)Leonidas (Ljouwert 1742)

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. http://www.uytland.nl/over/data/jaarvandeaardappel.html
  2. Vanvugt, E. (1996) Nestbevuilers. 400 jaar Nederlandse critici van het koloniale bewind in de Oost en de West, side 61-62.
  3. Eeghen, I. van (1967) Brieven fan it Deutzenhofke. Madame de Nerha en Mirabeau, side 26-33.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: