Willem fan Ranouw

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Willem fan Ranouw (Brielle, ± 1670 - Amsterdam, 1724) wie dokter en boargemaster.

Liet him 12 oktober 1696 ynskriuwe as studint oan de hegeskoalle fan Frjentsjer. Fêstige him letter as dokter yn Winsum. Boaske yn Frjentsjer mei Maria Boncamp (1700) en wie der ynspekteur fan de beurs (1704-09). Hy waard yn 1707 boargemaster fan Frjentsjer, teffens wie hy meunsterkommisaris fan Fryslân. Yn 1715 helle hy de rang fan medysk doktor.

Fan him ferskynden:

  • Kabinet der natuurlijke historiën, wetenschappen, konsten en handwerken, mei register (Amsterdam 1719-24; in tredde printinge ferskynde yn 1758, 9 dielen);
  • De Examinator, 4 dielen, (Amsterdam 1719).

Syn neilitten gedichten binne nei syn dea útjûn troch Albert Lycklama à Nijeholt (Fjentsjer, 1731). Sette ek oer út it Latyn Kanaän en d'omliggende landen vertoont in een geographisch woordenboek (Ljouwert, 1717); en út it Frânsk Het Leven van Johan Willem Friso, prince van Oranje, nevens de historie van den jongstleden oorlog, (nei Is. Lamigue) (Amsterdam, 1716), 2 dielen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Vriemoet - Athenae Frisiacae, 899-902;
  • R. Visscher - Catalogus der stedelijke bibliotheek van Leeuwarden (1932), 221;
  • Wumkes - mijn Stads- en Dorpskroniek van Friesland (Ljouwert, 1930) I, 30.