Willem de Vries
| Willem de Vries | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1968 | |
| berteplak | Quatrebras | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| prizen | Fryske Poppriis, Bernlefpriis, Gouden Sadel Award | |
Willem de Vries (Quatrebras, 1968) is in Fryske programmamakker fan muzykprogramma Noardewyn (Live), oprjochter fan Wâldrock, popsjoernalist en eigener van Big Apple Management (Reboelje/Klinkhamer/Piter Wilkens) tegeare mei syn broer Lubbert Jan en Willem Wâldpyk Entertainment. De Vries wurke foar de omroppen Vara, Wrâldomrop, Omrop Fryslân. [1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem de Vries trede al jong op as deejay mei house en trancemuzyk. Yn 1992 begûn er oan in stúdzje Nederlânske Letterkunde oan de NHL. It begûn by de lokale Omrop SLOT mei it muzykprogramma "Harsensskrabje". Dêrnei wurke er in skoft foar de vara-programma's "popkrant" en "Vuurwerk". By Omrop Fryslân sette er útein by it jongereinprogramma Radio 18. Doe't dat programma stoppe makke er it muzykprogramma Popskuor en joech tegearre mei presintator Eric Ennema in soad bands in poadium. Geregeldwei waarden der live-opnames útsjoerd fanôf festivals lykas Wâldrock. Willem de vries hie Wâldrock yn 1980 opsetten mei Rinto Bekkema en Kees Koudstaal. Yn 2007 waard hy programmamakker/producer en presintator fan it muzykprogramma Noardewyn en Noardewyn Live. Ek yn Noardewyn krigen jonge, talintfolle acts in kâns en krigen nije lokale inisjativen in poadium. By live-útstjoerings op radio én telefyzje waard hy ynspirearre troch de programma’s fan de Britske presintator en muzikant Jools Holland.[2] As popsjoernalist makke er namme en hy ynterviewde geregeldwei gutte nammen as Black Sabbath, Chi Coltrane, Dubliners, Boudewijn de Groot, Ray Charles, BB King, 10cc, Megadeth, Shane Macgowan, Biohazard, Keith Caputo, JR Walker en Kim Wilde.
It stypjen fan de lokale popkultuer bleau lykwols it wichtichst foar him. It levere him yn 2013 de Fryske Poppriis op. De Vries krige de priis útrikt yn poppoadium Romein. Hy waard troch de sjuery wurdearre om it entûsjaste presintearjen.
Teater en muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken syn wurk as radio- en telefyzjepresintator, programmamakker en ynterviewer wurke Willem de Vries ek mei oan ferskate teater- en muzykproduksjes. In bysûnder projekt is de muzykteaterfoarstelling De Duivel Ligt Altijd Op De Loer, basearre op it lykneamde boek fan popjournalist Harry de Jong.
Yn de foarstelling giet De Vries yn petear mei De Jong oer syn lange karriêre as popjournalist en de protte bysûndere moetings dy't er hie mei artysten út de ynternasjonale muzykwrâld. De petearen foarmed de basis fan in foarstelling mei ferhalen, anekdoates, humor en live muzyk, ôfwiksele mei optredens fan de muzikanten Ivo Poelsma, Elvira van Poelgeest en Sierk Andela
De Jong fertelt ûnder mear oer syn moetings mei muzikanten as Johnny Cash, Mick Jagger, Neil Young, Leonard Cohen, Joe Cocker, Joni Mitchell, Donovan en Willie Nelson. De Vries hat dêrby de rol fan ynterviewer en presintator en soarget foar de ferbining tusken de persoanlike ferhalen, de muzykhistoarje en it publyk.
Mei De Duivel Ligt Altijd Op De Loer liet De Vries in oare kant fan syn wurk sjen: dy fan live-ynterviewer en teaterpresintator, wêrby't muzyk en ferhalen it útgongspunt foarmen. De foarstelling waard op ferskate poadia yn Nederlân opfierd.[3]
Bûtenút sesjes
Tegearre mei Jaring de Groot en Rinto Bekkema organisearret De Vries de Bûtenútsesjes, in rige lytskalige en yntime konserten yn kultureel poadium Paviljoen Mem yn Bûtenpost. It inisjatyf ûntstie út de mienskiplike belangstelling foar muzyk en de winsk om artysten yn in lytse, persoanlike setting in poadium te bieden.
De earste konserten waarden yn 2025 organisearre en wiene fuortendaliks in súkses; it optreden fan Ian Siegal en No Saint wie binnen koarte tiid útferkocht.
De Bûtenútsesjes rjochtsje har benammen op singer-songwriters, blues-, Americana- en rootsmuzyk. De konserten hawwe in bewust yntym karakter, mei plak foar in beheind tal besikers.
Earder stiene ûnder oaren André Manuel, Jake La Botz (Feriene Steaten), Ian Siegal (Feriene Keninkryk), Aaron Boyd & W.D. Miller (Feriene Steaten) en Jack Bottleneck & Rik Meijer op it programma. De Vries, De Groot en Bekkema hiene yn it ferline ek bannen mei it poppoadium Kiehool en it Wâldrock-festival.
Mei de Bûtenútsesjes keare se, yn in oare en mear yntime foarm, werom nei it organisearjen fan live-muzyk. It útgongspunt is dat de organisatoaren folslein efter de selektearre artysten steane en it publyk bysûndere optredens yn in lytse setting belibje litte.[4]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bernlefpriis (2016)
- Gouden Sadel Award (2014)
- Fryske Poppriis (2013)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|