Chi Coltrane
Chi Coltrane | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Chi Coltrane yn 1974 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 novimber 1948 | |
berteplak | Racine | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, gospel | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Piano, stim | |
jierren aktyf | 1972–no | |
offisjele webside | ||
chicoltrane.com |
Chi Coltrane (16 novimber 1948, Racine, Wiskonsin) is in Amerikaansk sjongster, pianiste en songwriter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chi (sprek út as 'Sjaay') wie ien fan sân bern fan Kanadeeske mem en in Dútske heit, in fioelist. Se hie al betiid niget oan muzyk en koe mei tolve jier acht ynstruminten bespylje. Har favorite ynstrumint is de piano. Yn 1970 spile se yn ferskate clubs yn Chicago nei't hja as tsiener fan hûs rûn wie. In jier letter fertsjintwurdige hja har lân op it Ynternasjonaal Rock Festival yn Rio de Janeiro en in skoftsje letter tekene hja in platekontrakt by CBS/Columbia Records.
Har debútalbum 'Chi Coltrane' komt yn 1972 út en wurdt troch har earste single Thunder and Lightning in hit oer de hiele wrâld. Der wurde fan de single mear as in miljoen ferkocht. Nei in súksesfolle tour giet hja de studio yn om har twadde album Let it Ride (1974) op te nimmen. It waard wer in grut súkses, yn hiel Jeropa kriget sy hits. Mei Go like Elijah stiet se yn 1973 trettjin wiken yn de Nederlânske Top 40 en twa wiken op nûmer 1. Tusken 1973 en 1975 gong hja nei de Salter School of Music yn Los Angeles en yn 1975 ferskine twa sammelalbums: Greatest Hits en Best of Chi Coltrane. Twa jier letter ferskynt har tredde plaat Road To Tomorrow (1977).
Dêrnei ferfear hja nei Jeropa, wenne yn Dútslân, Switserlân en Nederlân, dêr't sy de neifolgjende albums makke: Silk and Steel (1981), Live! (1982), Ready to Roll (1983) en The Message (1986). Fan 1991 ôf wenne hja yn Zürich, mar yn 1993 giet se werom nei de FS en begjint se in opnamestudio yn Los Angeles.
Wilens hie hja harsels behoarlik oer de kop skuort mei 300 optredens yn 't jier ein jierren tachtich en krige hja in burn-out-syndroam. Dêr hat se likernôch 18 jier lêst fan hân.[1]
Yn 1996 ferskynde wer in sammelplaat, Chi Coltrane's Golden Classics, mar yn 2009 kaam Chi Coltrane werom op it poadium mei Yesterday, Today and Forever, dat in kompilaasje is fan har wurk fan 1982 ôf en ek inkelde nije nûmers befettet. It album is oant no ta allinnich te besetten fia har webstee 'www.chicoltrane.com'. Foar Septimber en oktober 2009 makke hja in teateromgong yn Nederlân, Eastenryk, Switserlân en Dútslân. Dêrnei tekene se in kontrakt by Sony en trede se wer op yn Nederlân en Dútslân, Switserlân en Belgje (yn 2011, 2012, 2013 en 2014).
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1972: Chi Coltrane
- 1973: Let it Ride
- 1977: Road to Tomorrow
- 1981: Silk & Steel
- 1983: Live!
- 1983: Ready to Roll
- 1986: The Message
- 1988: The Best of Chi Coltrane
- 1996: Golden Classics
- 2008: Yesterday, Today & Forever (The Best of 1982 - 2007)
- 2009: 2 Originals
- 2009: The Essential Chi Coltrane - Yesterday, Today & Forever
- 2012: The Comeback Concert - Live in Vienna
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1972: Thunder and Lightning
- 1972: Go Like Elijah
- 1973: You Were My Friend
- 1973: Who Ever Told You
- 1973: Feelin' Good
- 1974: It's Not Easy
- 1974: Hallelujah
- 1977: Ooh Baby
- 1977: What's Happening to Me (It's a Spell)
- 1981: Blinded by Love
- 1981: Goin' Round
- 1983: I'm Gonna Make You Love Me
- 1991: I Just Want to Rule My Own Life without You
- 2009: Oh Holy Night
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Coltrane waard û.o. The Queen of Rock en de opfolgster fan Janis Joplin neamd. By har tour troch Dútslân waard hja troch de parse die Schöne mit dem harten Anschlag neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|