Willem de Klerk fan Normandje
Willem de Klerk fan Normandje | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Guillaume | |
nasjonaliteit | Normandysk | |
berne | ±1280 | |
stoarn | ? | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Aldfrânsk | |
sjenre | poëzij, hilligelibbens, non-fiksje | |
perioade | Midsiuwen | |
bekendste wurk(en) |
Bestiaire Divin Vie de Sainte Marie-Madelaine | |
jierren aktyf | 1210 – 1227 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
- Dizze side giet oer de skriuwer fan 'e Bestiaire Divin. Foar de skriuwer fan 'e Roman de Fergus, sjoch: Willem de Klerk.
Willem de Klerk fan Normandje, yn it Frânsk: Guillaume le Clerc de Normandie , wie in ier-trettjinde-iuwsk Normandysk geastlike en Frânsktalich skriuwer en dichter. Hy moat net betize wurde mei Willem de Klerk, de skriuwer fan 'e Roman de Fergus, dat in hiel oar Aldfrânsk skriuwer wie.
Willem de Klerk fan Normandje skreau seis religieus-didaktyske wurken foar leken, it ierste om 1210 hinne en it lêste tusken 1227 en 1238. Syn earste boek wie de Bestiaire Divin (it "Godlik Bistespul"), en dat waard folge troch de Vie de Tobie, Les Joies de Nostre Dame, de Vie de Sainte Marie-Madelaine (in koarte biografy fan Marije Magdalena), de Besant de Dieu (in allegoarysk gedicht), en Les Treiz Moz de l'Evesque de Lincoln. Ferskate fabels binne by fersin oan him taskreaun: Du Prestre et d'Alison, La Male Honte en La Fille à la Bourgeoise. Der is gjin swymke bewiis dat Willem dêr de skriuwer fan is.