Willem Dirk Haitsma Mulier

Ut Wikipedy
W.D. Haitsma Mulier

Willem Dirk Haitsma Mulier (Boalsert, 28 augustus 1852Haarlim, 27 jannewaris 1912) wie in Nederlânsk militêr en boargemaster.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haitsma Mulier, lid fan de famylje Mulier, wie in soan fan mr. Johannes Haitsma Mulier (1811-1859), abbekaat en boargemaster yn Boalsert, en Maria Louisa Ypeij (1816-1898).[1] Hy boaske oan Wilhelmina Christina barones van Sytzama (1857-1931), lid fan it laach Van Sytzama en in dochter fan Douwe Jan Vincent van Sytzama.

Haitsma Mulier hie oant 1881 in karriêre by de Keninklike Lânmacht (kavalery), dêr't er it ta earste luitenant titúlêr brocht. Yn 1884 waard die beneamd ta boargemaster fan Spaarndam. Hy krige tastimming om yn Haarlim te wenjen. Fan 1896 oant 1904 wie er ek boargemaster fan de oanswettende gemeente Schoten.

Hy stoar yn 1912, 59 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederland's Patriciaat 77 (1993)