Johannes Haitsma Mulier

Ut Wikipedy
Johannes Haitsma Mulier

Johannes Haitsma Mulier (Rinsumageast, 8 july 1811 - Boalsert, 30 septimber 1859) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mulier wie in soan fan Pieter Mulier (1783-1866), belestingûntfanger en lid Deputearre Steaten, en Margaretha Haitsma (1790-1819).[1] Hy boaske Maria Louisa Ypeij (1816-1898), styfdochter fan Hans Willem de Blocq van Scheltinga, grytman fan Skoatterlân. Ut dit houlik waard ûnder oaren soan Eco Haitsma Mulier (1843-1920) berne.

Mulier studearre rjochten[2] en promovearre yn 1837 oan de Leienske universiteit. Hy waard nei syn stúdzje abbekaat yn Boalsert. Hy waard beneamd ta adjudant-houtfester fan de Kening yn Fryslân 1843-1852, en wie ûntfanger fan it Wetterskip Wûnseradiels Suderseediken 1858-1859, yn de tiid dat syn broer Tjepke Mulier boargemaster fan Wûnseradiel wie. Haitsma Mulier waard yn 1841 lid fan de gemeenteried en wie wethâlder 1846-1848 en fan 1848 oant syn ferstjerren boargemaster fan Boalsert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederland's Patriciaat 77 (1993)
  2. Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek: Mulier (Tjepke)