Springe nei ynhâld

Wil de Beer

Ut Wikipedy
Wil de Beer
Reedrider
Wil de Beer (1962)
Wil de Beer (1962)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWilhelmina Vel-de Beer
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 septimber 1942
berteplakMedemblik
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan
O.S.Innsbruck 1964
debút1959
karriêre-ein1967
wichtige prestaasjes
2x goud NK Allround 1962, 1963
1x sulver NK Allround 1966
1x brûns NK Allround 1964

Wilhelmina (Wil) Vel-de Beer (Medemblik, 5 septimber 1942) is in earder Nederlânsk reedrydster.

Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en ien kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1964), mar wûn by dizze kampioenskippen gjin medaljes. De Beer waard twa kear Nederlânsk kampioen allround, Yn 1962 wie Wil de earste Nederlânsk kampioene allround op keunstiis op de doe krekt iepene Jaap Edenbaan. In jier letter yn 1963 waard sy op de Natoeriisbaan Stedspark yn Grins ek de lêste Nederlânsk kampioene op natoeriis, dêrnei waarden alle Nederlânske Kampioenskippen allround op keunstiis hâlden.

By it Wrâldkampioenskip Allround yn 1963 wie De Beer de tredde Nederlânske frou ea dy't op in Wrâldkampioenskip útkaam, nei Gonne Donker en Rie Meijer. Yn 1964 wie de Wil De Beer yn Innsbruck de earste Nederlânske froulike langebaanrider, dy 't oan de Olympyske Winterspullen mei die. Yn 1967 stopte de Beer mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 48,4 31 jannewaris 1966 flagge fan Noarwegen Rosendalsbanen, Brandbu
1000 meter 1.38,1 22 febrewaris 1963 flagge fan Japan Wind Park Skating Rink, Karuizawa
1500 meter 2.29,5 21 febrewaris 1963 flagge fan Japan Wind Park Skating Rink, Karuizawa
3 km 5.18.9 31 jannewaris 1966 flagge fan Noarwegen Rosendalsbanen, Brandbu
jier NK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
195917e
1962Goud
1963Goud14e
1964Brûns14e1000 m, 17e
1500 m, 16e
3 km, 27ste
1966Sulver
19675e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL