Wikipedy:Oerlisside/Argyf5

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf5, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 19 desimber 2005 oant en mei 13 maart 2006.
(<< earder)
(letter >>)


Wetter yn Fryslân

Doe't ik hjir noch mar krekt wat oan't ompielen wie haw ik alris neamt dat it my wol aardich like om kaarten te meitsjen om de lizzing fan de wetters yn Fryslân oan te jaan. Ik bin doe eins wat hekjen bleaun om't ik net rjocht it goeie programma dêrfoar fine koe, en ek net krekt it goeie triemformaat. No seach ik lêsten al dat de wiki no ek it svg-formaat stipet en haw ik de nijste Inkscape fersje mar ris besocht. Ik kin no aardich fluch in kaartsje meitsje dat my wol aardich taliket. Ik moat der noch wol wat oan skave mar soe graach wat kommentaer hawwe wolle. Sjoch mar op myn meidoggerside. Theun 21.49, 19 des 2005 (UTC)

Dat sjocht der kreas út! B. 21.55, 19 des 2005 (UTC)

Ik siet eins noch mei myn gefoel dat der noch wol wat wetterkes misse op sa'n oersjochside. Mar je moatte wol ergens ophâlde (de súdhoekster sleat ;) stiet der no ek al op). Bygelyks de Grou en de Boarn en ek de Opsterlânske kompagnonsfeart kin der wol by tink ik. Yn it súdwesten fan de provinsje bin ik it minste thús en dêr sit no krekt it measte wetter, miskien dat in wetterleafhawwer út dy omkriten der ris nei sjen kin en wat advys jaan.
Ik woe eins ek sa'n kaart meitsje mei al't wetter dat by de Fryske Boezum heart, mar sit ik eins mei it probleem om út te finen wat dêr by heart en wat net.
Fierder is it miskien dúdliker (foar de oriïntaasje) om mei net al te opfallende kleur de gruttere plakken oan te jaan. Ik tink dan oan de alve stêden, Drachten, it Hearrenfean, de Jouwer, Wolvegea, Easterwâlde.Theun 18.20, 20 des 2005 (UTC)

Dy kaart komt te pas at wy in oersjoch oer gâns de provinsje hawwe moatte. Is dyselde boarne-svg ek gaadlik foar it meitsjen fan detailkaartsjes, lykas dy fan de gemeenten? Siz mar sa:
Prinses Margrietkanaal.png. Mei in skaal dy't past by it wetter wat der op stiet. (Faaks hat it wetterskip ynformaasje oer de boezem?) Aliter 03.42, 21 des 2005 (UTC)

De detailkaartsjes binne goed te meitsjen, neffens my. Eins woe ik in kaart sjen te meitsjen mei alle wetters dy't op dy nammelist mei Fryske wetters steane. Dan kin dêr detailkaartsjes fan makke wurde.

Fan it PM-kanaal soe ik leaver de kaart hâlde dy't ik makke haw. It detailkaartsje is mar justjes lytser en dan jou't it neffens my in wat rommelige oansjen.

By it wetterskip hawwe se wol in Lijst van friese wateren ;) .
Mar ik sil de kommende tiid hjir noch wol wat tiid ynstekke (ik bin eins wol wat in kaartegek dus ik fyn it wol aardich om hjir oan te wurkjen).Theun 21.33, 21 des 2005 (UTC)

Ik hie fansels dit kaartsje allinnich as foarbyld. Der hie in dúdliker foarbyld mûchlik west, mar oare kaartsjes hie ik net. Alle kaartsjes itselde is al better, tink, dat as de oare wetters sa'n kaartsje krije, dan om my it PM-kanaal ek.
Dat it net botte dúdlik is leit der oan dat ik de svg-triem net brûke koe. Ik bin begûn mei in .png en haw dy letter lytser makke foar it oersjochkaartsje. (Dat hie net moatten, dêr hie ik in lytsere .png foar fan de wikipedy helje moatten.) As gefolch dêrfan is it oersjoch-kaartsje net dúdlik genôch. En lykas by de gemeentekaartsjes koe it oersjochpart mear ferskil yn kleur hawwe. By in fierdere útwurking wurdt dit ek foar it PM-kanaal dúdlik genôch, tink. Wat dy grutte kaart oanbelanget: de makker fan de gemeentekaartsjes skriuwt earne op nl: dat er twa kaarten makke hie. Ien om de kaartsjes út te heljen, en ien foar de oersjochkaartsjes. Dy kinne al besibbe wêze fansels, mar net alles hoecht op sa'n oersjoch, tink. Aliter 21.57, 24 des 2005 (UTC)
Ik haw hjir nochris mei dwaande west. It nij kaartsje fan Theun is in hiel ein yn de rjochting. Mar ik woe graach noch mear kontrast hawwe. Ik haw besocht wat der bart at de kleuren fan de gemeentekaartsjes brûkt wurde. It risseltaat koe minder dúdlik, mar it is wat te plakjich.
  • RakFanUngemak.svg (No in lettere ferzje.)
  • LokaasjeLjouwert.png
  • RakFanUngemak.png
Kinne wy hjir fierders wat mei. De kleuren dy't ik boppe hie, of mei donkerblau yn stee fan swart, koenen om my ek wol, at wy dan foar it lytse kaartsje al in opfolkleur brûke. Aliter 23.03, 1 jan 2006 (UTC)

It *.svg formaat jout neffens my aardich wat foardielen mei dit soarte fan kaartjes. At jo it as mei in vector grafics programma (lykas Inkscape) dan kinne jo sjen dat it oersjoch kaartsje in los underdiel is wat te ferplakken is en ek grutter en lytser makke wurde kin.
In ferskil mei de gemeentekaartsjes is dat de skaal feroaret. In grut wetter kin in folle gruttere lengte hawwe as in lyts marke of in koarte ferbiningsfeart, dan moat de skaal folle lytser en is it skaalferskil tusken it oersjoch kaartsje en it detailkaartsje eltse kear wer oars. Mei it *.svg formaat en Inkscape is dat maklik oan te passen.
Ik fyn de gemeentekaartsjes wol dúdlik mar de skaalproblemen kinne je wol sjen mei lannenkaartjses yn deselde styl fan lytse eilantsjes, dy fyn ik hiel undúdlik. Bygelyks it kaartsje fan Pitcairn, dêr sjogge jo natuerlik hielendal neat op.

  • It lytse oersjochkaartsje kin yndie wol wat minder detaillearre wêze (de koartste klap wie foar my om efkes in kopy te meitsjen en dy lytser te meitsjen en deryn te plakken.
  • De kleuren, yn prinsipe moat tink ik alles wat je oanjoue op it kaartsje donkerder wêze as de eftergroun. Ik kin it griis wol wat ljochter meitsje en ek it blau fan it net selektearre wetter wat ljochter sadat it kontrast wat grutter wurd. Ik fyn dy wite wetters tjsin in ljochtgrize eftergroun net moai. (Myn ynspyraasje foar de kleuren haw ik krigen troch it kaartsje fan brûker Sansculotte.)
  • Ik bliuw derby dat bygelyks foar it PM-kanaal it net nedich is om it oersjoch kaartsje derby te setten. It is fuortendalik dúdlik wer't it PM-Kanaal rint en it makket in grut part fan it kaartsje út. Bygelyks it kaartsje fan it RakFanUngemak is dit wetter in folle lytser part fan it kaartsje as it PM-kanaal fan it totale kaartsje. It oersjoch kaartsje hat allinich sin at der in dúdlik ferskil is yn skaal (yn elts gefal mear as in faktor 2).
  • Ik haw der ek noch oan tocht om nammen fan de wetters en plakken ta te heakjen, sadat it ek mear in kaart wurd as in oersjochkaartsje mar ik wit net of dat wol in goed plan is.
Sa earst mar wer, ik sil ynkoarten noch wolris in foarbyld meitsje.Theun 21.34, 2 jan 2006 (UTC)
Nij foarbyld. De kleuren yn it lytse oersjoch kaartsje moatte dan ek wat oars. Is wol wer wat wurk om it oan te passen. Ik haw de diskusje wol wat betiisd troch it nije foarbyld under deselde namme oan te biden. Wetters wat ljochter, eftergrûnkleur ljochter, selektearre wetter wat donkerder. Theun 19.50, 4 jan 2006 (UTC)
Earst: it is net sa dat ik besykje in oare triemfoarm yn te fieren. Fectortekenings hawwe in protte foar, alinnich kin ik dy net meitsje, dat by myn foarbylden brûk ik .png. Ek gong it my fan de gemeentekaartsjes net om dy fêste ferhâlding dy't dy hawwe, mar om it systeem fan twa skalen en it goede kontrast.

Ik bin it mei jo iens dat ljocht foar de oare wetters better wurket as ljocht foar it wetter sels, en de tafoeging fan de stêden en flekken (alle flekken?) wurket ek. It Gryn derby wie tink noch wol aardich.
Dat foarbyld fan Sansculotte hat lykwols ek wyt, dat ik besykje it nochris yn dy rjochting. It lytse kaartsje koe noch wat ljochter, mar sa is it wichtichste part fan it lân it ljochtst, en de útsneed yn it lytse kaartsje hat deselde kleuren as datselde gebiet as it grutte kaartsje:

  • RakFanUngemak2.png
Ik wit wol dat foar it PM-kanaal dy twa skalen net nedich binne, mar ik woe dy der leafst al by hawwe om dat kaartsje itselde oansjen te jaan as de oaren. Oars soenen jo foar it oersjoch ek in lytsere skaal nimme kinne, wat Grinslân yn byld bringt. Dan wurdt ek dúdliker dat it PM-kanaal net in ferbining is fan Strobos nei de Lemmer, mar in part fan in trochgeande rûte. Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)
Neffens my binne de kaartsjes no wol aardich gelyk.
  • Ik hie it leafst al wat in eftergrûn kleur yn it kaarstje sels, dan is it kaartsje wat dúdliker te sjen yn in stik tekst. Mar ik sil wol wat in ljochter kleur útsykje.
  • Fierders yn it lytse kaartsje it útsnijde part ljochter sjenlitte sil ik besykje dit wat maklik foarinoar te krijen (de kleur fan de wetters hâld ik wol gelyk oars is it my tefolle wurk).
  • PM-kanaal, ik haw no in kaart fan Fryslân (ynskand as eftergrûn) dy't sa grut is as it oersjoch kaartsje. Ik wie eins net fan doel om dit grutter te meitsjen. Foar it PM-kanaal is in grutter oersjoch kaartsje miskien wol gaadlik mar dêr kom ik earst net oan ta.
  • Ik haw noch gjin ynhâldlik kommentaar hawn op it kaartsje. Ik hie eins wol reaksjes ferwachtte dat de Alde- en Nije Wjittering der net opsteane. Ik kin út de omskriuwings net rjocht wiis wurde wêr oft dy krekt rinne (en de kaarten dy't ik haw bin der ek net hiel dúdlik yn (en de âlde wjittering kin ik net op in kaart fine).
  • Bedankt foar it meitinken en ik sil besykje om yn elts gefal earst kaartsjes te meitsjen foar de Fryske Wetters dy't no op de wiki steane.Theun 11.28, feb 12, 2006 (UTC)
Wy hawwe gjin klacht oer de Alde Wjittering om't dy der net mear is. Wy hawwe gjin klacht oer de Nije Wjittering om't dy der op stiet. Jo hienen al in klacht oer de Nije Wjittering, dat ik haw de tekst in bytsje oanpast. Foar ferskil mei de tekst koe ek in kaartrâne, mar ik wit net hoe't it dan liket. Net maklik mei al dy kleuren. Sa't jo sjen kinne, kin ik sels ornaris de goede kleuren net fine, dat ik wit net of it allegear kin. At wy kieze moatte dan leaver beide kaartsjes dúdlik dan alle kleurbetsjuttings oanholden, fansels. Aliter 00.39, mar 5, 2006 (UTC)

Auteursrjochttekst

Meidogger:Brion VIBBER hat alle wikipedyen oanpast dat dy de auteursrjochttekst tusken it bewurkingsfjild en it gearfettingsfjild sjen litte. Dy romte brûke wy foar de knoppen, en ús auteursrjochttekst is lang, dat dit wie by ús net goed. Foar no haw ik it weromset, dat wy it der sûnder problemen oer hawwe kinne.

Hawwe wy op dat plak ferlet fan in koarte tekst oer it auteursrjocht, of hawwe wy leaver dy knoppen dêr? Of beide? Of de knoppen dan leaver oan de boppenkant (at ik dat dwaan kin)? Of in rigel "Gearfetting (tink om it auteursrjocht):". Of noch oars? Of net? Aliter 21.57, 24 des 2005 (UTC)

Ik haw de âlde situaasje mar werombrocht. Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

Is miskien earst wol it bêste. Der feroaret wol gauris wat yn it sêftguod fan de wiki en mei de minsken dy't der no binne sille wy dit dochs net altiten snel genôch oanpasse kinne, at wy ek noch wat oars oan de wiki dwaan wolle.
Ik sjoch no ek by de navigaasje Community-portal en Koarts feroare stean, by de berjochten stiet it neffens my al goed oarset, wer wat feroare yn it programma?Theun 11.28, feb 12, 2006 (UTC)

In berjocht opdield nei de twa plakken dêr't it brûkt waard, tink. Ik leau, B. hat it al oplost. Aliter 00.39, mar 5, 2006 (UTC)

Kategoryen

  • Dêr't wy earst útgongen fan meartalnammen foar kategoryen liket it no dat wy útkomme by ientalnammen, krekt as by sidetitels. At eltsenien it dêr mei iens is betsjut dat dat de meartalsnammen eins oanpast wurde moatte. Ik leau net dat dat in soad problemen opsmyt, allinnich kin Kategory:Sporten gjin Kategory:Sport wurde, om't dy der al is. Faaks Tûke fan sport?
  • Wolle wy, lykas op mear Wikipedys, alle kategoryen ek wer yn kategoryen opnimme? Alle kategoryen hawwe dan in boppekategory oant wy oan de top by de kategory Haadkategory of soks oankomme, dêr't de kategoryen ynsitte dy't fierders nearne in ûnderkategory fan binne.

Aliter 23.03, 1 jan 2006 (UTC)

  • Werom soe Sport net kinne. It is no ek al sa dat de Reedriden sawol yn de kategory Sporten stiet as by de Kategory Reedriden wat in subkategory is fan Sport. Om my soene alle sporten wol yn de kategory Sport kinne, at der letter mear siden komme kinne se dan in eigen subkategory krije wer't de side oer de sport ek by stiet (lykas Reedriden en Keatsen).
  • Ik tink dat it úteinlike doel al wêze sil om alle siden yn in kategory under te bringen. It liket my net in needsaak om no alle siden yn in kategory under te bringen, want no in protte kategoryen mei mar ien of twa siden wurdt it net dúdliker fan.
  • Fûgelsoarten (soarte). B. hie ek noch wat betinkingen oer dizze yndieling. Ik tink ek wol dat de kategory Fûgelsoarte(n). ynkoarten opsplitst wurde moat. It tal siden yn dizze kategory wurd aardich grut mar om no inselde yndieling as bygelyks op nl oer te nimmen krije we wer in protte kategoryen mei mar in pear siden. Dochs tink ik dat in yndieling yn skift / skaai / famylje ek wol neist in groepeftige yndieling lykas Spjochteftigen (mei alle famyljes,skaaien en soarten) brûkt wurde kin. Mar it tink dat dit yn de rin fan de tiid fansels wol dúdliker wurd wat gaadlik is. Theun 21.34, 2 jan 2006 (UTC)

Reedriden is in tûke fan sport, dat ik soe it in ûnderkategory yn sporten / tûke fan sport meitsje. Dat ik de tûken fan sport net daalks in sport opnimme soe is út reden fan oardering.

Wat ik frege, wie of alle kategoryen in kategory hawwe moasten. Of alle siden dy ek daalks hawwe moatte wit ik net. At alle kategoryen oardere binne is it fansels al sa dat alle siden dy't yn in te lytse kategory komme soenen, fierder nei de woartel falle kinne oant der in kategory komt dy't grut genôch is. Aliter 01.36, 5 jan 2006 (UTC)

Oangeande:

  • meartal/inkelfâld: Inkelfâld, behalve as der in reden is om dêr fan ôf te wiken (sporten yn de betsjutting fan "tûke fan sport" is neffens my wol funksjoneel)
  • alle kategoryen yn in haadkategory: Op termyn wol, no noch gjin needsaak
  • ik haw gjin beswier tsjin dûbelde kategory yndielingen, it giet der om dat besikers de side fine dêr't se om sykje. Sa praktysk mooglik dus, wat my oan giet. B. 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

Trochferwizings

Dit wie ien fan de âldste problemen dy't ik hie op dizze wiki, mar ik koe mar net gewaarwurde wat der no krekt mis mei wie. No haw ik lykwols, lang om let, útfûn wêr't it him yn sit:

Ik hie by it oersetten foar "redirect" "trochferwizing" brûkt, en foar "disambiguation page" hie ik "útelkoarhâldside". Dat "trochferwizing", en ek dat "redirect", wie net yn oarder mar ik koe it net fine. Letter begûnen oare meidoggers "trochferwizing" ek noch foar "disambiguation page" te brûken, wat om my ek net hoecht. No't ik in side oer trochferwizings (1) skreau seach ik lykwols ynienen wat der mis is mei dat wurd: trochferwizing/redirect is it meganyk. Wichtich foar de programmeurs fan MediaWiki fansels, mar wat wy dwaan wolle is gewoan synonimen oanmeitsje, hoe't dat ek wurket. Kinne wy dêr dan net gewoan it wurdt Synonym foar brûke? Aliter

Prima B. 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

Wat trochferwizing (2) oanbelanget: ik haw trochferwizing der leafst hielendal út, it jout betizing en it seit eins net wêr't dy side foar brûkt wurdt. Njonken de synonimen binne dit fansels de homonimen, mar dat wurd wurdt oars wat minder brûkt. Is it dúdlik genôch om dat ek te brûken of moatte wy dêr al in oar wurd foar hawwe? Aliter 02.09, 5 jan 2006 (UTC)

Praktysk wurdt der al trochferwiisd, mar eat as dûbele betsjutting soe om my ek wol kinne. B. 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

Ik wit dat der al trochwiisd wurdt, mar dat is net it belang fan dy side. It is op it stuit sels sa dat op in part fan dy siden eins noch net trochwiisd wurdt, om't de siden foar dy homonimen der nog net binne.
"Betsjuttings": soenen wy "Betsjuttingsside" brûke kinne? Dy hawwe wy ek alris by Fryslân brûkt. Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)


Wikipedy300000.png

Fy grutter dan nl

Ik wie wat oan it googeljen en kaam op in wikipedia kloon út dy't ek de fryske wikipedy kopiearre hat. Mar se hawwe folle mear siden, sels mear as nl !!!! Wer binne dy siden hjir allegear bleaun ;).

Dêr haw ik in teory oer. Lykas sokken dy't net brûkt wurde, wurde siden dy't net lêzen wurde, neffens my, ek wei nei ferrin fan tiid. De Nederlânske wikipedy hat mear lêzers, dat dy kinne mear siden hâlde.
Mar fansels binne wy ek sûnder al dy weirekke siden grutter as nl:. Wy binne wol fan 19 nei 23 gongen, op

en:Wikipedia:Wikipedia articles per population, mar dat is dochs noch better as nl: op 25. Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

Captcha

Omdat waarschijnlijk jullie niet ingeschreven zijn op Wikizine kom ik het even melden als goede gebuur van NL; op o.a. deze wiki is nu het captcha-systeem actief. Zie hier dan is het direct duidelijk. Groet, --Walter 23.20, jan 29, 2006 (UTC)
(Om't jimme wierskynlyk net ynskreaun binne op Wikizine [mis], kom ik dit hjir as buorman fan NL efkes sizze: op û.o. dizze wiki is no it captcha-systeem actyf. Sjoch hjir dan wurdt it drekt dúdlik. Groetenis, Walter)

Ik sjoch daalks wat der oerset wurde kin. Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

Meiwurkjen skoallen

Soenen skoalklassen op ien of oare wize oan de wikipedy meiwurkje kinne? Graach jimme suggestjes. Yn 'e Wâlden 19.42, jan 30, 2006 (UTC)

Hinget der fan ôf wat sy witte. Ast fan klassen fan basisskoallen bygelyks stikken oer har eigen doarp fregest, krigest heechstwierskynlik sawol deeglike ynformaasje (fan de âlden en leraren) as yndrukken en leuke weetsjes oer in doarp (hoe wurdt it doarp belibbe). Soks makket in droech stikje tekst oer in doarp al hiel wat lêsberder. En at sy in projekt dogge, sil sy fêst oer gewoan samar in ûnderwerp hiel wat fine kinne. Komst by middelbiere klassen, dan meist oannimme dat sy snoad genôch bin om fatsoenlik gegevens earne oer te finen. By beide komt allinne wol it staveringsaspekt nei foaren: dy sil noch net optimaal wêze. De master of juffer it efkes neisjen litte? DDurk 21.35, jan 30, 2006 (UTC)
Iens. Foar de basiskoalle kin dit foar dy saken dêr't de bêrn bekend mei binne: wenplak, skoalle, sportferiening, mar ek gewoan de lytse dingen om harren hinne - Wat is in fyts? Wat is in strjitte, in hûs ... Mar dan al mei wat help fan juffer as master. At de bêrn in skoalle fierder binne en sels kentnis opdogge, dan koenen hja dy ek tafoegje, mar ik wit net at hja dêr dan nocht oan hawwe. Wat al koe wie in opdracht om in (koarte) side te skriuwen. Dy siden wurde fansels wer troch oaren oanpast, mar troch it fêste adres kinne hja sjen litte wat harren ferzje is. Kaam dit út it fjild? Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

2500

It giet minder stadich mei it oanmeitsjen fan nije siden. De helte fan de romte dy't wy naam hienen tusken 2.000 en 2.500 is no al fuort. At wy oandacht hawwe wolle foar 2.500 siden, dan hawwe wy ferlet fan:

  • In oanpast Wikipedy:Parseberjocht en in bywurke (útwreide?) stjoerlist.
  • In parsekontakt! Wa kin it goed sizze? It goed skriuwen kinne wy faaks tegearre.
  • Ynformaasje fan nl: wat wy better al as net dwaan kinne.
  • Noch 232 siden.
  • Mûglike ynisjativen, lykas:
    • 419 x Fryslân
    • Adoptear in side
    •  ?
  •  ?

Aliter 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

It is al in hiele toer om it putsje klear te krijen.
As Parsekontakt fyn ik mysels net sa geskikt (bin net sa'n prater).
Ideeen genôch allinich de tiid ûntbrekt my op it stuit wat.
419 x Fryslân?
  • Bedoele jo bygelyks in soart fan projekt om alle fryske doarpen mei wat in gelikense side te beskriuwen?
  • Mei gegevens dy't goed te ferlykjen binne, ynwennertallen, oerflak, doarpswapen ensfh., miskien ek yn in tabel.
  • It like my ek wal aardich om fan elk doarp in kaartsje te hawwen. Net in gemeente kaartsje mei in stip (sa as op nl wol brûkt wurd) mar in kaartsje fan de gemeente sels mei de himrikken fan de doarpen deryn oanjoen. Wer soe ik sokke ynformaasje wei krije kinne? Ik haw wol in pear âlde kaarte wêr fan in pear gritenijen de himrikken oanjoen binne mar lang net fan allegear en it is ek net echt aktueel.
It gong my der mear om, alle doarpen út 419xFriesland fan Karstkarel ek op te nimmen yn de Wikipedy. Mar wy hawwe it net oan tiid op it stuit, liket it. Aliter 00.39, mar 5, 2006 (UTC)
Adoptear in side?
  • Bygelyks de doarpsbelangen besykje oan te skriuwen om de boppensteande ynformaasje oan te leverjen en mei te skriuwen??
  • Noch in lytse 300 doarpen hawwe noch hielendal gjin side. Dus at wie hjir stobben foar oanmeitsje mei wat basis gegevens binne wy sa al oer de 2500.Theun 11.28, feb 12, 2006 (UTC)

Ik krij in bytsje it idee dat Meidogger:Kening Aldgilles myn lêste opmerking lêzen hat en ta aksje oergien is ;). Ik haw efkes gjin idee wat no de 2500e side wie. Fêst fan in doarp, ik tink fan Easterwierrum oanmakke troch 80.57.160.90 op 16 april 2006 om 01.38.
Moatte wy hjir no wat oan dwaan, yn de sin fan in parseberjocht. Wy binne no fansels yn ien kear wol hiel dik oer de 2500 hinne, mei sa'n gong sitte wy yn in moanne op de 10.000 ;).Theun 18.36, apr 20, 2006 (UTC)

Helden

Sjong fan dy twa helden fan de Wikipedy: Theun en B.. It meunster 84.231.242.141 hie al withoefolle siden fan de Wikipedy opfretten, mar Theun hat it meunster stoppe en hja hawwe tegearre de siden de ien nei de oare werom helle! Sjong fan de helden fan de Wikipedy! Aliter 22.36, feb 7, 2006 (UTC)

Dit soarte fan aksjes binne net goed foar myn RSI :)B. 22.40, feb 7, 2006 (UTC)
@B. Mar efkes te muorrekeatsen, is wol goed tsjin de RSI tink ik ;). Ik hie net iens sjoen dat der noch mear siden leechhelle wiene (yn myn oersjoch fan de bydragen stiene 150, dus de oare 300 haw ik mist). Ik sjoch wol dat jo der aardich tiid oan ferspikere hawwe. Dat foel mei my wol ta. Ik hie yn sa'n 6 minuten 150 siden tebekset. Mei Firefox en de tabblêden kinst aardich opsjitte, en hoeche je net te wachtsjen tot eltse side op de server tebekset is, dit kin dochs ek mei Opera nim ik oan! Dit skilt echt in bulte tiid.
Ik seach krekt tidens myn tee-skoft dat de fandaal dwaande wie, dus ik haw him mar gau in blok joen (in dei like my wol aardich om him efkes te stopjen mei syn wurk). Fierders tink ik dat wy der net tefolle oandacht oan skinke moatte, der is soksoarte folk krekt op út. It is miskien wol itselde figuer dy't op 19 desimber oan 'e gong west is (80.127.146.238) mar dan op in oare kompjoeter.Theun 18.02, feb 8, 2006 (UTC)
@Theun: Ik frege my al ôf hoe ast dat se fluch foarinoar krige hiest! Dat is yndied in goede tip foar de folgjende kear. Wat dat muorrekeatsen oanbelanget: We binne hjir drok yn training foar de earste wedstriden yn Fryslân yn maart en april yn de Harnehal! B. 21.14, feb 8, 2006 (UTC)


Provinsje freget kontakt

Bêste Wiki'ers,

Nei oanlieding fan myn ynteraktive list mei kompjûterbegripen haw ik okkerdeis in petear op it Provinsje Hûs hân oer kompjûterprojekten op it ynternet. Wy hawwe entûsjasme praat oer de Wikipedia Frysk en de mooglikheden om der foar it ûnderwiis Frysk wat mei te dwaan. Sjoch boppe. De twa meiwurkers soenen graach mei de Fryske Wikipedia yn kontakt komme wolle. Ik haw tasein te besykjen, oft der immen êfter syn skûlnamme wei komme wol. Fansels haw ik earst Aliter frege, mar dy hecht oan 'e skûlnamme. Yn 'e Wâlden

En dy hat leafst ek sprieding fan funksjes oer de ferskate meidoggers. Aliter 00.06, feb 25, 2006 (UTC)

Soenen jimme ris meiinoar sjen wolle oft der immen wol. Hy of sy kin my wol in e-berjocht stjoere. Yn 'e Wâlden 09.58, feb 11, 2006 (UTC)

Ik haw al in e-berjocht stjoerd nei Yn 'e Wâlden. Theun 09.59, feb 19, 2006 (UTC)

Flaggen yn SVG

Op Commons is der in projekt oan de gong wêryn de flaggen yn png wurden omsetten yn svg. Hjirtroch ferdwine de pikselproblemen by fergrutten en ferlytsen. Se passe ek de de nammen fan de flaggen oan, sadat it dudlik wurdt om hokker flaggen it giet. Is it net in idea om oer te stappen fan ûs âlde (hjir steande) triemen nei dy op commons? Ik wit dat d'er earder oer diskuseart is en it toen ôfwezen is om't men benaud wie foar ûntbrekkende bestannen. Mar ik haw it gefoel dat dit WikiProjekt de'r foar de flaggen feroaring yn bringt. Dr. Breznjev 16.56, feb 23, 2006 (UTC)

It wie mear dat wy al foardielen seachen mar ek neidielen. En dat jildt noch sa. Ik haw al sjoen hoe't niis in ôfbyld fan Commons fuorthelle is, en dan ek hjir ferdwynt sûnder alternatyf. En in searje standertnammen sil grif net Frysk wêze. Ik sjoch der gjin reden yn foar in rjochtline oer it gebrûk fan Commons. Aliter 00.06, feb 25, 2006 (UTC)

Gemeentekaartsjes

At wy details oer gemeenten hawwe wolle, dan moatte wy tink by de gemeenten sels wêze. De provinsje hat al wat statistyk oer de plakken yn de gemeente, mar at hja ek de grinzen fan de himrikken hawwe wit ik net. It kadaster hat dy grif al, maar faaks net fergees. In oar alternatyf wie nog in strjittenboek, mar dan wurde de details yn it fjild der net by oanjûn. Nee, de bêste boarne wie tink de gemeenten. Aliter 00.06, feb 25, 2006 (UTC)

Ik haw noch in oare boarne fûn (úteinlike boarne hjirfan sil de gemeente wol wêze). Op nl: hawwe se in kaartsje fan parten fan Rijswijk, boarne hjirfan is it CBS. By it CBS hawwe se fan eltse gemeente in wyk-yndeling makke, om ek statistieken te jaan oer doarpen en stêdswiken. Yn de ferslaggen fan de [op Maat] stiet in kaartsje mei de yndeling. Dit is tink ik wol te brûken om wat te meitsjen. Ik sil ris besykje om in foarbyld kaartsje fan Dongeradiel te meitsjen. (At ik earst noch in pear wetter-kaartsjes makke haw (wêr is de Alde Wjittering??) en noch wat saken búten de wiki dien haw )
Fierder haw ik ek wol hjir en dêr lêzen dat op in kaart fan Eekhof de doarpsgrinzen fan in skoft lyn oanjoen steane. Mar hokker kaart wit ik net, ik hâld myn eagen wol iepen. Theun 19.17, mar 7, 2006 (UTC)

VWN en WCN

Beste allemaal,

(Sorry voor het Nederlands) Al enige tijd is er een Nederlandstalig chapter in oprichting, te vinden op http://nl.wikimedia.org . Dit wordt de Vereniging Wikimedia Nederland (VWN). Je kunt je interesse om lid te worden van deze vereniging hier aangeven.

Deze vereniging gaat eind augustus/begin september een Wikimedia Conferentie in Nederland (WCN) houden, volgend op Wikimania in Boston, gedeeltelijk erop inspelend middels een aantal discussiegroepen. Om iets dergelijks te organiseren is imput erg gewenst. Dus als je wilt meehelpen, of als je interesse hebt om bij een dergelijk evenement aanwezig te zijn, geef dat dan aan op nl.wikimedia. Ik hoop daar snel je imput tegemoet te zien! Met vriendelijke groet, Efkeswatoars 22.07, feb 25, 2006 (UTC)

Netpost-befêstiging

Wolkom op it grutte kweade ynternet. Wikipedia kin net mear fan eltsenien oannimme dat wat sein wurdt oer it netpostadres ek wier sa is:

Dizze wiki freget dat jo jo netpostadres befêstigje eart jo hjir netpost brûke. Brûk de knop by jo netpost-ynstellings om josels in befêstigingskoade ta te stjoeren op it adres dat jo opjûn hawwe. Iepenje de koade dan yn jo blêder om te befêstigjen dat jo netpostadres jildich is.

Tink der al om, oars kin net ien jimme mear skriuwe. Aliter 00.07, mar 13, 2006 (UTC)