Ferskil tusken ferzjes fan "Leon Trotski"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
st
L (st)
L (st)
 
== Oktoberrevolúsje ==
By de [[oktoberrevolúsje]] sluet Trotski him oan by de [[bolsjewiken]] en waard hy ien fan de neiste meiwurkers fan [[Vladimir Lenin]]. Trotski waard ta Folkskommissaris foar bûtenlânske saken neamd en ûnderhannele by de [[Frede fan Brest-Litovsk]] yn de [[Earste Wrâldkriich]]. Troch ynterne ferdieldheid yn de sovjetregearing en ynskattingsflaters fan Trotski, mislearren dizzen yn earste ynstânsje wêrtroch de kriich langer duorre hat as needsakelikneedsaaklik wie. [[Ruslân]] moast dêrom tige ûngeunstige betingsten ûndertekenje. Trotski en ferskillende fraksjes yn de sowjetregearing hoopten dat yn [[Dútslân]] de revolúsje slagje soe sadat dat lân de kant fan Ruslân kieze soe yn de Kriich mei in pan-Jeropeeske revolúsje kriich ta gefolch.
 
Stalin hie fan it begjin ôf in hekel oan Trotski en Trotski ek oan him. De arbeiders en de Joadske yntellektueel koenen troch it ferskil fan karakter net troch ien doar. Trotski wie yn it begjin fierút de meardere fan Stalin, hy fernedere him mei syn retoryk, ien kear sels yn it iepenbier. Stalin dy’t net ien ferjoech en hast nea wat fergeat sei dat hy in kampioen wie mei nepspieren en ferwite him dat hy him pas oanslute by de bolsjewiken doe't de striid al lang wûn wie. Lenin moast faak tuskenbeide komme wêrby't hy it faak opnaam foar de foar it each swakkere en minder yntelliginte Stalin.
11.737

bewurkings

Navigaasjemenu