Taimyr-skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Drewes hat de side Taymyr-skiereilân omneamd ta Taimyr-skiereilân: Neffens de krante
Ru200008050079.jpg ferfange troch Nenets_people_near_Dudinka_(Ru200008050079).jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:c:COM:FR#FR2|Cr
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Kara sea2TY.PNG|thumb|250px|Lokaasje Taimyr-skiereilân]]
[[Ofbyld:Kara sea2TY.PNG|thumb|250px|Lokaasje Taimyr-skiereilân]]
[[Ofbyld:Ru200008050079.jpg|250px|right|thumb|Lânseigen folk fan Taimyr]]
[[Ofbyld:Nenets people near Dudinka (Ru200008050079).jpg|250px|right|thumb|Lânseigen folk fan Taimyr]]
[[Ofbyld:Tundra in Siberia.jpg|250px|right|thumb|Toendra fan Taymyr]]
[[Ofbyld:Tundra in Siberia.jpg|250px|right|thumb|Toendra fan Taymyr]]
It '''Taimyr-skiereilân''' ('''Полуостров Таймыр''', '''Таймырский полуостров''') is in [[skiereilân]] yn [[Sibearje]]; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan [[Euraazje]] en [[Aazje]]. It leit tusken de [[Golf fan Jenisej]] fan de [[Karasee]] en de [[Golf fan Chatanga]] yn de [[Laptevsee]] yn Krasnoyarsk Krai, [[Ruslân]].
It '''Taimyr-skiereilân''' ('''Полуостров Таймыр''', '''Таймырский полуостров''') is in [[skiereilân]] yn [[Sibearje]]; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan [[Euraazje]] en [[Aazje]]. It leit tusken de [[Golf fan Jenisej]] fan de [[Karasee]] en de [[Golf fan Chatanga]] yn de [[Laptevsee]] yn Krasnoyarsk Krai, [[Ruslân]].

De ferzje fan 28 jan 2020 om 15.42

Lokaasje Taimyr-skiereilân
Lânseigen folk fan Taimyr
Toendra fan Taymyr

It Taimyr-skiereilân (Полуостров Таймыр, Таймырский полуостров) is in skiereilân yn Sibearje; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan Euraazje en Aazje. It leit tusken de Golf fan Jenisej fan de Karasee en de Golf fan Chatanga yn de Laptevsee yn Krasnoyarsk Krai, Ruslân.

It Taimyr-mar en it Byrranga-berchtme lizze op it tige grutte Taimyr-skiereilân.

It skiereilân soe it plak wêze dêr't de yn it wyld libjende muskusokse sa'n 2000 jier útstoarn is, alteast bûten Noard-Amearika.[1] Hja waarden dêr op'en nij ynbrocht yn 1975.[2]

Kaap Tsjeljoeskin, it meast noardlike punt fan it Euraziatyske kontinent, leit op it noardein fan it Taimyr-skiereilân.

Befolking

It Nganasan folk koe syn sjamanistyske praktiken oant yn de 20e iuw hanthavenje út reden fan de isolearre lizzing fan harren wenplak.[3]

Ekonomy

MMC Norilsk Nickel is de eksploitant fan de minen yn dizze kontrei. It bedriuw raant it nikkel út dizze kriten yn de stêd Norilsk, net fier fan it skiereilân. It nikkelerts en oare produkten fan it bedriuw wurde oer in koart spoar nei Dudinka oan de rivier de Jenisei ferfierd, en dêrwei mei it skip nei Moermansk en oare havenstêden.

Klimaat

Tusken likernôch septimber en juny binne de kustwetters fan it Taimyr-skiereilân beferzen. De simmers binne koart, fral oan de noardeast kust (Laptevsee).

It binnenlân fan it skiereilân hat in lânklimaat. De winters binne strang mei in soad sniestoarms en ekstreem lege temperatueren.

Bibliografy

Keppeling om utens

Referinsjes

  1. Science Daily
  2. Safari Club Foundation Recordbook entry on Bovids
  3. Hoppál 2005