Springe nei ynhâld

Golf fan Chatanga

Ut Wikipedy
Lokaasje fan de golf fan Chatanga.

De Golf fan Chatanga (Russysk: Хатангский залив) is in golf of baai yn de Laptevsee oan de mûning fan de rivier de Chatanga, besuden it Taymyr Skiereilân en benoarden it Noard-Sibearysk Leechlân.

De lingte fan de golf berint 220 kilometer, de breedte 54 kilometer (op it breedste punt). It eilân Grut-Begitsjev ferdielt de golf yn twa strjitten; de noardlike mei in breedte fan 13 kilometer en de eastlike mei in breedte fan 8 kilometer. De golf is maksimaal 29 meter djip en hat hege kusten dy't abrupt skroar en grillich ferrinne. It tijferskil is 1,4 meter. De golf is it grutste part fan it jier fan iis bedutsen.

De eardere delsetting en strafkoloanje by Nordvik lei oan in ynholte oan de eastlike strjitte fan de Chatanga Golf en hiet Boekhta Nordvik.