Delta (rivier): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L + kat
oanf. fan nl:
Rigel 4: Rigel 4:
== Deltastêden en klimaatferoaring ==
== Deltastêden en klimaatferoaring ==
In soad rivierdelta's lizze leech. De tichtbefolke rivierdelta's binne dêrom kwetsber foar gefolgen fan de klimaatferoaring. Stêdsbestjoeren fan deltastêden oer de hiele wrâld wurkje gear yn it inisjatyf Connecting Delta Cities om de gefolgen fan de klimaatferoaring yn goede banen te lieden. Stêden dy't mei elkoar gearwurkje binne ûnder mear [[Djakarta]], [[Rotterdam]], [[Aleksandrje]], [[Ho Chi Minh stêd]], [[New Orleans]], [[New York]], [[Hamburg]] en [[Londen]].
In soad rivierdelta's lizze leech. De tichtbefolke rivierdelta's binne dêrom kwetsber foar gefolgen fan de klimaatferoaring. Stêdsbestjoeren fan deltastêden oer de hiele wrâld wurkje gear yn it inisjatyf Connecting Delta Cities om de gefolgen fan de klimaatferoaring yn goede banen te lieden. Stêden dy't mei elkoar gearwurkje binne ûnder mear [[Djakarta]], [[Rotterdam]], [[Aleksandrje]], [[Ho Chi Minh stêd]], [[New Orleans]], [[New York]], [[Hamburg]] en [[Londen]].

== Nederlân ==
Nederlân bestiet foar in grut part út it deltagebiet fan de rivieren [[Ryn]], [[Maas]] en [[Skelde]]. Harren mûningen, dy't meast ferbrede binne ta [[estuarium| estuaria]], lizze yn de provinsjes [[Seelân]] en [[Súd-Hollân]]. Ek de [[Betuwe]], de Bommelerwaard en parten fan it Griene Hert behearden oarspronklik ta de delta fan de Ryn en de Maas. De measte riviertakken kamen net streekrjocht yn de iepen see út, mar yn de sompige lagune efter de Hollânske [[strânwâl]]. De Ryntakken [[Isel]] en [[Fecht (Utert)|Fecht]] foarmen lytse delta's yn de eardere [[Sudersee]].


{{Commonscat|River deltas}}
{{Commonscat|River deltas}}

De ferzje fan 18 mai 2019 om 17.56

De Nyldelta út de romte wei

In rivierdelta is in stelsel fan ôftakkingen fan in rivier, foardat dy yn see of yn in grut mar útrint. De Grykske histoarikus Herodotus fierde dizze naam yn doe't hy de Nyl beskreau yn syn Historiën en de opfallende foarm op de Grykske (haad)letter delta (Δ) lykjen fûn. De Nyl hat dan ek ien fan de bekendste rivierdelta's. Letter binne mear mûnings dêr't rivieren grutte protten sedimint fuort by de mûning ôfsette ek delta's neamd, al hawwe sokken lang net altiten in trijehoekige foarm hawwe.

Deltastêden en klimaatferoaring

In soad rivierdelta's lizze leech. De tichtbefolke rivierdelta's binne dêrom kwetsber foar gefolgen fan de klimaatferoaring. Stêdsbestjoeren fan deltastêden oer de hiele wrâld wurkje gear yn it inisjatyf Connecting Delta Cities om de gefolgen fan de klimaatferoaring yn goede banen te lieden. Stêden dy't mei elkoar gearwurkje binne ûnder mear Djakarta, Rotterdam, Aleksandrje, Ho Chi Minh stêd, New Orleans, New York, Hamburg en Londen.

Nederlân

Nederlân bestiet foar in grut part út it deltagebiet fan de rivieren Ryn, Maas en Skelde. Harren mûningen, dy't meast ferbrede binne ta estuaria, lizze yn de provinsjes Seelân en Súd-Hollân. Ek de Betuwe, de Bommelerwaard en parten fan it Griene Hert behearden oarspronklik ta de delta fan de Ryn en de Maas. De measte riviertakken kamen net streekrjocht yn de iepen see út, mar yn de sompige lagune efter de Hollânske strânwâl. De Ryntakken Isel en Fecht foarmen lytse delta's yn de eardere Sudersee.