Ambachtsskoalle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 14: Rigel 14:
Ofbyld:Leeuwarden - Ambachtschool ca.1930.jpg|Ambachtsskoalle Ljouwert, ± 1930
Ofbyld:Leeuwarden - Ambachtschool ca.1930.jpg|Ambachtsskoalle Ljouwert, ± 1930
Ofbyld:Jubbega. Ambachtschool.jpg|Ambachtskoalle Jobbegea
Ofbyld:Jubbega. Ambachtschool.jpg|Ambachtskoalle Jobbegea
Ofbyld:COLLECTIE TROPENMUSEUM De Burger Ambachtsschool aan de B.A.S. straat TMnr 60026776.jpg|De Boarger Ambachtsskoalle yn [[Soerabaja]], tusken 1929 en 1932]]
Ofbyld:COLLECTIE TROPENMUSEUM De Burger Ambachtsschool aan de B.A.S. straat TMnr 60026776.jpg|De Boarger Ambachtsskoalle yn [[Soerabaja]], tusken 1929 en 1932


</gallery>
</gallery>
[[Kategory:Fuortset ûnderwiis]]
[[Kategory:Fuortset ûnderwiis]]
[[Kategory:Underwiisfoarm]]
[[Kategory:Underwiisfoarm]]
[[Kategory:Yntroduksje út 1865]]

De ferzje fan 14 des 2018 om 21.56

Ofdieling timmerjen, ambachtsskoalle Snits

De ambachtsskoalle wie oant likernôch 1968 in skoaltype yn Nederlân.

De ambachtsskoalle wie fan 1865 ôf de namme fan in groep fan skoallen foar deiûnderwiis. Der waard oplaat foar ambacht en yndustry. It skoaltype wie populêr by dejingen dy't earder nei de legere skoalle hast gjin mûglikheid hienen om fierder te learen. Mei de it ferlingen fan de learplicht hat de ambachtsskoalle in soad betsjutten foar de emansipaasje fan de arbeider en it ûnderwiisnivo yn Nederlân.

De Maatschappij voor de Werkende Stand stifte yn 1861 yn Amsterdam de earste ambachtsskoalle fan Nederlân. De ambachtsskoalle fersoarge technyske opliedingen foar jonges, wylst de húshâldskoalle op famkes rjochte wie.

Der wienen twa-, trije-, en fjouwerjierrige opliedingen. Yn gefal fan de fjouwerjierrige oplieding koe men ek nei trije jier fan skoalle ôf mei in tsjûchskrift.
De ambachtsskoalle late op ta smid, timmerman, meubelmakker en hûsskilder. Der koene ek kursussen koper-, lead- en sinkbewurkjen, elektrisiteitslear, auto-, motor- en fytsmakker folge wurde. De skoalle keas de opliedingen sa dat se oanslueten by it ferlet fan de takomstige arbeiders en wurkjouwers. Ek folwoeksenenûnderwiis waard jûn.

By de ynfiering fan de Mammoetwet op 1 augustus 1968, is de namme ambachtsskoalle feroare yn Legere Technyske Skoalle (lts), meast in fjouwerjierrige oplieding. Sûnt 1999 wie dit soarte ûnderwiis part fan it vmbo, benammen de op beroppen rjochte learwegen.