Sybrandus Johannes Fockema Andreae (rjochtshistoarikus): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 22: Rigel 22:
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach]]
[[Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1844]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1921]]

De ferzje fan 25 mai 2017 om 12.00

Sybrandus Johannus Fockema Andreae

Sybrandus Johannes Fockema Andreae (Beetstersweach, 4 juny 1844 - Leien, 17 jannewaris 1921) wie in Frysk heechlearaar yn it âld-Hollânsk rjocht. Fockema Andreae wie de heit fan Joachimus Pieter Fockema Andreae en de pake fan argivaris Sybrandus Johannes Fockema Andreae.

Fockema Andreae gie nei it gymnasium yn Ljouwert en waard yn 1863 student yn Leien; promovearre yn 1868 ta doktor yn de rjochtsittenskip op in dissertaasje oer it burorjocht. Fockema Andreae waard beneamd ta kantonrjochter op De Lemmer en Hillegersberg, dêrnei ta rjochter yn Leien en Amsterdam; yn oktober 1877 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de Leidske Hegeskoalle en koart dêrop naam er dit amt oan mei in rede oer de gronden voor de beoefening der Germaanse Rechtsgeschiedenis en waard hy belêste mei it ûnderwiis yn de Nederlânske rjochtsskiednis; hy skreau artikelen as Overzicht van Oudnederlandse Rechtsbronnen. (1881), De Stad Vollenhove en haar recht (1885), Bijdragen tot de Nederlandse Rechtsgeschiedenis (1888) ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: