Godshûs (gebou foar earetsjinst): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
red + oanf
L Ieneach fan 'e Esk moved page Timpel to Godshûs (gebou foar earetsjinst): kultureel tichterby (sjoch oerlis by godshûs)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 mrt 2017 om 20.37

De Timpel fan Hefaïstos, yn Atene.

In timpel (fan it Latynske templum) of godshûs is in bouwurk dat bedoeld is foar de útoefening fan godstsjinstige en spirituële rituëlen en seremoanjes en foar oanbesibbe aktiviteiten lykas it dwaan fan gebedens en it bringen fan offers. Under dizze termen kinne sokke bouwurken fan alle religyen beflapt wurde, hoewol't foar kristlike, joadske en islamityske timpels yn 'e regel de spesifikere oantsjuttings tsjerke, synagoge, resp. moskee brûkt wurdt. Foar godshuzen dy't brûkt wurde troch oanhingers fan it bahaïsme, boedisme, hindoeïsme, jaïnisme, sikhisme, sjintoïsme, soroästrianisme, taoïsme en oare godstsjinsten wurdt lykwols ornaris de algemiene namme 'timpel' oanholden, en itselde jildt foar heidenske godshuzen út 'e Aldheid, dêr't yn Grikelân, Rome, Egypte en it Midden-Easten noch rûnom ruïnes fan werom te finen binne. De measte natoerreligyen meitsje gjin gebrûk fan timpels; se hâlde harren earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft, yn 'e hûs of yn in tinte. Dat wol lykwols net sizze dat yn natoerreligyen timpels hielendal net foarkomme.

Fanwegen dit grutte ferskaat oan religieuze rjochtings is de foarm en funksje fan timpels ek tige fariabel, hoewol't se gauris itselde spirituële konsept belichemje fan it "hûs" fan ien of mear goaden. Faak komt men yn timpels om op 'e iene of oare foarm in offerjefte oan dy god of goaden te bringen en/of om 'e help fan dy god of goaden ôf te smeekjen yn gebedens of mei oare rituëlen. Timpels wurde faak ûnderholden troch in spesjale groep geastliken dy't meastal ek foargeane yn in ferskaat oan seremoanjes. Ynhoefier't de hiele leauwensmienskip tagong hat ta it gebou ferskilt sterk, mei't it alhiel gjin seldsum ferskynsel is dat in diel fan it gebou of soms sels it hiele gebou inkeld tagonklik is foar de geastliken sels. Ek komt it foar dat froulju of beskate maatskiplike groepen (kasten) fan tagong ta de timpel útsletten binne, wat almeast te krijen hat mei it religieuze begryp fan ûnreinheid. Timpels hawwe faak in haadgebou mei dêromhinne in soarte fan hiem dat derby heart, soms mei ferskate bygebouwen. As de gewoane leauwenden gjin tagong ta de timpel sels hawwe, meie se har yn 'e regel wol op 'e timpelgrûnen bejaan.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.