Oerlis:Godshûs (gebou foar earetsjinst)
Appearance
Godshûs kin net alline ferwize nei timpel. Tsjerken, moskeeën en synagoges wurde ek as godshuzen beskôge ommers. Drewes (oerlis) 27 mrt 2017, 20.46 (CEST)
- Jawis, mar yn it artikel oer timpels stiet dat "timpel" in algemiene beneaming is foar in gebou dêr't godstsjinstútoefening plakfynt, en dat foar kristlike, islamityske en joadske timpels ornaris de spesifikere beneamings tsjerken, moskeeën, resp. synagoges brûkt wurde. Hoewol't ik dy side oanfolle haw, stie dat stikje der al, en dat haw ik oernommen om't it my wol oan woe. No't jo it hjir ta diskusje stelle, haw ik it Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands der ris even by pakt, en dêryn wurdt it lemma tempel omskreaun as: "heiligdom, bestemd voor de verering van een god". Om't in hillichdom net spesifyk in gebou hoecht te wêzen, en yn 'e term 'godshûs' wol besletten leit dat it in gebou is, liket 'godshûs' my yndie in synonym foar 'timpel' ta. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 mrt 2017, 22.01 (CEST)
- Kin allegear wol wêze, mar wa tinkt by D'Alde Wite, de protestantske tsjerke fan Dronryp, oan timpel? Sjoch boppedat ek: Godshuis en Tempel, der sitte gjin tsjerken of moskeeën by. Drewes (oerlis) 27 mrt 2017, 22.27 (CEST)
- Nee, mar dat sis ik dochs ek: dêr tinke je net oan, mar dat is eins wol sa: ik skreau dêrom ek: foar kristlike timpels wurdt ornaris de oantsjutting 'tsjerke' brûkt. It is net mear logysk dat as je der sels boppe-op sitte, lykas wy mei it kristendom en yn mindere mjitte mei it joadendom en de islaam, dat dan spesifikere oantsjuttings ynboargere reitsje. Dat is hjir bard mei tsjerke, moskee en synagoge (hoewol't joaden it noch wol hawwe oer 'nei timpel gean', dus dat giet ek alwer net hielendal op).
- De side fan 'e Nederlânske Wikipedia dêr't jo hinne ferwize seit: "godshuis: een gebouw dat dient voor de eredienst, een kerkgebouw of tempel." en by "tempel" stiet: "Een tempel is een gebouw of ruimte waar religieuze bijeenkomsten plaatsvinden. Hier kan een mens 'in contact treden' met haar of zijn god(en) en deze vereren." Neffens my komt dat op itselde del. De Nederlânske side oer godshûs giet trouwens fierder oer in hiel oare betsjutting (dêr't ik my net fan bewust wie), dat ik sil hjir al even in betsjuttingsside fan meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2017, 00.02 (CEST)
- P.S.: Hjir (en:Temple#Christian temples) in stikje oer kristlike timpels = tsjerken.Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2017, 00.09 (CEST)
Dat der binne kristlike timpels. Drewes (oerlis) 28 mrt 2017, 00.31 (CEST)
- Tsja, Drewes, ik moat tajaan dat ik net alhiel begryp wêrom't jo hjir sa'n wjersin tsjin hawwe, mar oars moatte we it spul omdraaie, sadat de side timpel omneamd wurdt ta 'godshûs' en we fan it synonym dat dêrby yn 'e tekst jûn wurdt (no 'godshûs') 'timpel' meitsje. Dêr haw ik alhiel gjin beswier tsjin, as jo dêr wat oan hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2017, 19.10 (CEST)
- Goed Ieneach. Myn gefoeligens op it mêd sil wol te meitsjen hawwe mei myn grifformeard komôf. Ik lit it oan jo oer, meitsje der gjin halssaak fan, mar 'godshûs' haw ik leaver. Kultureel leit it tichter by ús, sa fiel ik it. Drewes (oerlis) 28 mrt 2017, 19.30 (CEST)
- Bêst. Dogge wy it sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2017, 20.34 (CEST)