Digitenne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
'''Digitenne''' is in netwurk foar digitale [[radio]] en [[televyzje]] fia stjoermêsten yn [[Nederlân]]. Fia Digitenne kinne de Nederlânske [[publike stjoerder|publike stjoerders]] fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.
'''Digitenne''' is in netwurk foar digitale [[radio]] en [[telefyzje]] fia stjoermêsten yn [[Nederlân]]. Fia Digitenne kinne de Nederlânske [[publike stjoerder|publike stjoerders]] fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.


== Untfangst ==
== Untfangst ==
Foar ûntfangst fan Digitenne is in televyzje nedich mei [[DVB-T-tuner]]. De measte televyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in ''Conaxmodule'' en in ''smartcard'' nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere televyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka [[euro|€]] 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere televyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.
Foar ûntfangst fan Digitenne is in telefyzje nedich mei [[DVB-T-tuner]]. De measte telefyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in ''Conaxmodule'' en in ''smartcard'' nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere telefyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka [[euro|€]] 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere telefyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.


== Antenne ==
== Antenne ==
Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de televyzje of de tuner. Omdat de measte televyzjes dizze stream net leverje, is dan in ''power inserter'' nedich.
Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de telefyzje of de tuner. Omdat de measte telefyzjes dizze stream net leverje, is dan in ''power inserter'' nedich.


== Stjoermêst ==
== Stjoermêst ==
De 132 meter hege stjoermêst foar [[Fryslân]] stiet op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] [[yndustryterrein De Himrik]]. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan [[Omrop Fryslân]] te ûntfangen. Ek fia de televyzjetoer fan [[Smilde]] is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.
De 132 meter hege stjoermêst foar [[Fryslân]] stiet op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] [[yndustryterrein De Himrik]]. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan [[Omrop Fryslân]] te ûntfangen. Ek fia de telefyzjetoer fan [[Smilde]] is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.


== Televyzjestjoerders ==
== Telefyzjestjoerders ==
Fia Digitenne binne [[Nederlân 1]], [[Nederlân 2]], [[Nederlân 3]] en de regionale televyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale televyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is [[Omrop Fryslân]] TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske televyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas [[RTL 4]], [[SBS 6]], [[één]], [[Canvas]]/[[Ketnet]] en [[BBC Entertainment]].
Fia Digitenne binne [[Nederlân 1]], [[Nederlân 2]], [[Nederlân 3]] en de regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is [[Omrop Fryslân]] TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas [[RTL 4]], [[SBS 6]], [[één]], [[Canvas]]/[[Ketnet]] en [[BBC Entertainment]].


== Radiostjoerders ==
== Radiostjoerders ==

De ferzje fan 9 mrt 2016 om 09.52

Digitenne is in netwurk foar digitale radio en telefyzje fia stjoermêsten yn Nederlân. Fia Digitenne kinne de Nederlânske publike stjoerders fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.

Untfangst

Foar ûntfangst fan Digitenne is in telefyzje nedich mei DVB-T-tuner. De measte telefyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in Conaxmodule en in smartcard nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere telefyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere telefyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.

Antenne

Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de telefyzje of de tuner. Omdat de measte telefyzjes dizze stream net leverje, is dan in power inserter nedich.

Stjoermêst

De 132 meter hege stjoermêst foar Fryslân stiet op it Ljouwerter yndustryterrein De Himrik. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan Omrop Fryslân te ûntfangen. Ek fia de telefyzjetoer fan Smilde is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.

Telefyzjestjoerders

Fia Digitenne binne Nederlân 1, Nederlân 2, Nederlân 3 en de regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas RTL 4, SBS 6, één, Canvas/Ketnet en BBC Entertainment.

Radiostjoerders

Fia Digitenne binne Radio 1,Radio 2, 3 FM, Radio 4, Radio 5, Radio 6, Konsertzender, FunX en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.

Keppeling om utens