De Lemmer: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia - Square brackets not correct begin - Headline alone - Link with two brackets to external source (v1.29)
No edit summary
Rigel 102: Rigel 102:
[[kategory:Sânwâlden]]
[[kategory:Sânwâlden]]
[[Kategory:De Lemmer| ]]
[[Kategory:De Lemmer| ]]

{{commonscat|Lemmer}}

De ferzje fan 9 jan 2014 om 14.35

De Lemmer
Flagge fan De Lemmer Wapen fan De Lemmer
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Lemmer
Gemeente Lemsterlân
Ynwennertal (2005) 9000
Webstee Nijs fan De Lemmer
de himrik fan De Lemmer
De Lemmer simmerdeis: Sawol op strjitte as op it wetter tilt it op fan de benammen Dútske toeristen

De Lemmer is it haadplak fan de gemeente Lemsterlân. It is ien fan de drokste wettersportplakken fan Fryslân. It doarp hat goed 9.000 ynwenners. De Lemmer hat in sintrumfunksje foar Súdwest-Fryslân en it noardlik part fan Flevolân. En leit oan it Prinses Margrietkanaal.

Op Teakesyl, goed oardel kilometer westlik fan De Lemmer, stiet it bekende Woudagemaal

Skiednis

De earste Lemsters fêstigen har op it plak dêr't de Rien en de Sylroede byinoar komme. Wannear't se dat krekt diene is net bekend. De Lemmer wurdt oan it begjin fan de 14e ieu neamd, mar earder al, yn 1228, komt de namme "Lenna" foar yn stikken fan de bisskop fan Utert. Nei alle gedachten kin der in link lein wurde nei de namme "Lammerbroeke" dy't yn 1165 foarkomt as in eardere foarm fan "Lemsterhoeke". Dat wie in lytse festing westlik fan De Lemmer dy't om 1400 hinne troch de Hollanners ferwoaste waard. De festing is net op'e nij boud, mar it plak en de namme binne noch altyd yn swang, benammen by skippers en fiskers.

Stadichoan waard it plakje oan de Sudersee grutter. Troch de lizzing wie it in daalders plakje foar keaplju en ambachtslju.

De Lemmer wie troch syn lizzing lykwols ek kwetsber. It hat ferskate kearen ûnder de ynfloed fan Hollân stien. Dat barde ûnder oaren yn 1107 doe't greve Willem I fan Hollân yn Eastersee in boarch bouwe liet yn ferbân mei de striid tsjin de hear fan De Kuunder. Op De Lemmer stie letter ek in kastiel. Dat waard yn 1422 boud troch Jan fan Beieren dy't troch de Skieringers as beskermhear nei Fryslân helle wie. Hy waard ek wol "Jan sûnder Genede" neamd en hy sil op De Lemmer moai wis gjin populêr man west hawwe.

Ek Karel fan Egmond, hartoch fan Gelre bemuoide him mei Fryslân. Hy liet yn 1521 op De Lemmer in blokhûs sette dat er twa jier letter oan de Boergonjers ferlear. Hoet't it kastiel, de boarch en it blokhûs der útsjoen hawwe is net bekend.

De Lemmer hat ek noch ûnder Spaanske ynfloed stien. Yn de Tachtichjierrige Oarloch, om krekt te wêzen yn 1581, ferôveren dy it doarp, tagelyk mei Sleat.

Krap 100 jier letter yn 1672 besiket ek Bernhard von Galen, biskop fan Münster De Lemmer ûnder syn bewâld te krijen, mar dy misje mislearret.

Yn 1799 falle de Ingelsken del op De Lemmer. Der wie oarloch tusken Ingelân en Frankryk en de Republyk bleau net bûten skot. Ingelske oarlochskippen farden de Sudersee op: Inkhuzen, Medemblik en Starum waarden troch harren beset. Koart dêrnei kamen se op De Lemmer oan. It Lemster beurtskip, wêrmei de ûndernimmende Poppe Jans al mannich tocht nei Amsterdam makke hie, waard by Urk oermastere. De opfarrenden waarden nei Starum brocht. Op 24 septimber ferskynden twa Ingelske oarlochskippen foar de haven fan De Lemmer. Kaptein James Boorder gie ûnder dekking fan in wite flagge yn in sloep oan wâl om mei de bestjoerder te ûnnerhanneljen. In fûle stoarm needsake him om oan wâl te oernachtsjen. Trije dagen letter kaam er werom en easke De Lemmer op foar de Ingelsken, alle laden skippen ynbegrepen. By wegering soe De Lemmer oan grús sketten wurde. De bestjoerders wiisden it lykwols ôf. Se hiene betrouwen yn de 500 swier wapene Bilkers dy't op De Lemmer delstrutsen wiene. Der wie lykwols gjin hâlden oan. Oerdel oere nei't de Ingelsken begûn wiene mei it besjitten fan De Lemmer, waard de flagge op'e tsjerketoer setten as teken fan oerjefte.

Ferskaat

  • De Lemster aak (in tradysjonele platboaiem) komt fan De Lemmer. De Groene Draeck, it sylskip fan keninginne Beatrix, is in Lemster aak.
  • Elts jier wurdt deIeder jaar is er de Lemsterwike holden, dit is in wike mei eveneminten wêr't sa'n 85.000 minsken yn't jier op ôf komme.
  • Eartiids siet Aldheidkeamer Lemster Fiifgea oan de Dimpte grêft ûnder âlde gemeentehûs, no sit it oan de Nijbuorren. It jout omtinken oan de eardere Sudersee, de feanterij. Der is in grutte kolleksje keunst-ierdewurk fan de eardere Lemster ierdewurkfabryk fan Cornelis Steenstra.

Foto's

Befolking

Ferienings

Berne

Strjitten

Alle strjitten op De Lemmer.

Iepenbier Ferfier

Sjoch ek

Keppeling om utens