Molkwar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2110313
Rigel 24: Rigel 24:
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.


Yn 'e 17e ieu wennen der san 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid farden de Molkwarders mei [[fluitskip]]pen op de [[Sont]], in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne farde út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije [[mennisten|menniste]] tsjerken te finen yn't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e ieu begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oan't der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Staverse jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slús), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts geval trjoch de de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.
Yn 'e 17e ieu wennen der san 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid farden de Molkwarders mei [[fluitskip]]pen op de [[Sont]], in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne farde út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije [[mennisten|menniste]] tsjerken te finen yn't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e ieu begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oan't der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Staverse jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slús), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts gefal troch de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.


== Mienskip ==
== Mienskip ==

De ferzje fan 10 jun 2013 om 09.41

Molkwar
Flagge fan Molkwar Wapen fan Molkwar
Flagge Wapen
Lokaasje fan Molkwar
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 220
Webstee Webstee Molkwar
de himrik fan Molkwar
Molkwar

Molkwar is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, it doarp hat likernôch 220 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Molkwar yn de eardere gemeente Nijefurd. De namme Molkwar soe ferwize nei Melkweren, of wettereftige kriten, geskikt om molkfee op te weidzjen.

Skiednis

Molkwar wie fan âlds in wichtich seefardersplak. Troch de soad ynternasjonale handel hie Molkwar krekt as Hylpen in eigen kultuer opboud mei in eigen taal, dracht en skilderkeunst.

It doarp wie yn de 17e en 18e ieu om twa saken rûnom bekend yn Fryslân, mar ek bûten de provinsjegrinzen.

Alderearst waard der in dialekt sprutsen dat, mei it dialekt fan Hylpen beskôge waard as it ‘echte’ Frysk. Beide dialekten hienen skaaimerken fan it Aldfrysk. Der binne beskriuwings fan bûtenlanners dy't ûnder oare om de taal te hearren, reizen makken nei Hylpen en Molkwar.

Fierders wie it doarp boud op acht pôlen, troch wetter fan inoar skieden. De eilantsjes hienen de nammen: Sorke Pol, Katte Pol, Hoeunde Pol, Wester-Ich, Eester-Ich, Grimspol as Arjenspol, De Pol ek wol Wiebrenmantjes Pol as De Tooenen en de Jaaxme Fonne Pol. Middels brechjes en planken ûnderhâlden de doarpsbewenners harren ûnderlinge kontakten. It ferhaal giet dat frjemdlingen der maklik ferdwaalden. Troch syn protte kanaaltsjes, der wienen mear kanalen as strjitten, en de 27 brêgen yn it doarp waard Molkwar ek wol it Feneetsje fan it Noarden neamd.

Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.

Yn 'e 17e ieu wennen der san 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid farden de Molkwarders mei fluitskippen op de Sont, in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne farde út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije menniste tsjerken te finen yn't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e ieu begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oan't der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Staverse jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slús), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts gefal troch de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.

Mienskip

Yn maart komt de Feriening foar Doarpsbelang gear yn it Doarpshûs. Oranjeferiening, oprjochte 14 septimber 1933. Organisearret de Keninginnedei, it twajierlikse doarpsfeest en in follybaltoernoai. Der bestiet in film Ald Molkwar. Yn de Aldheidkeamer fan Molkwar sit ek 'De Heksehoale' foar de bern. 'It Swannenêst' is de doarpsskoalle.

Befolking

Ferskaat

  • Bakker Knilles de Boer begûn yn 1916 mei syn spesjaliteit: Molkwarder koeke. It is te sjen en te keap yn it yn âlde steat werombrochte bakkerswinkeltsje anneks kofje/teeskinkerij
  • Yn it jier 2000 hie it doarp in eigen Iepenloftspul: Ringer's Reis. 11 jier letter (2011) sette Romke Gabe Draaijer in nij iepenloftspul op: 'FISK - fang dyn gelok'.
  • Haye Mensonides (1814-1881), is in politikus dy't yn Molkwar berne is.

Iepenbier ferfier

Molkwar dielt tegearre mei it tichtby lizzende Koudum it Stasjon Koudum-Molkwar oan it spoar Ljouwert-Starum.

Strjitten

't Seeleantsje, De Wimerts, Eesterich, Flait, Grimspôle, Hellingstrjitte, Ymedaam, Lútzenpolle, Nei de Knekkeren, Noardermar, Seedyk, Stasjonswei, Tsjerkestrjitte, Westerich.

Sjoch ek

Keppeling om utens