Meidogger oerlis:O.W.J. te Nijbroek
Wolkom by de Fryske Wikipedy. Ik hoopje dat jo der nocht yn hawwe sille oan dit projekt mei te dwaan. Binne jo faaks de brûkers 212.45.53.118 en 212.45.53.119, dy't earder al begûn wienen mei siden oer de Grifformearde tsjerke?
It kloppet dat dizze artikels ek fan my skreaun binne. O.W.J.
Ik haw by Thomas Boston de struktuer wat oanpast, mar ik hie ek noch wat fragen; dy haw ik op de oerlisside delskreaun.
Mei groetenis fan Aliter 01.43, 22 dec 2004 (UTC)
Welsum
[boarne bewurkje]Goeie,
Ek noch in wolkom fan my. Doe't jo hjir yn 2004 wat dwaande west hawwe wie dat krekt foar myn tiid.
Ik haw efkes in fraagje oer de foto dy't jo opladen hawwe. No moat it materiaal wat op de wikipedy set wurdt frij wêze fan beheinings op it brûken, sis mar der mei gjin auteursrjocht op sitte. No hawwe jo in foto fan de tsjerke fan welsum oanbean sûnder dat derby stiet of dit plaatsje foldocht oan de easken fan wikipedy wat auteursrjocht oanbelanget.
At jo dit plaatsje sels makke hawwe en frijjaan wolle ûnder de GNU/FDL de standert lisensje fan wikipedy dan kinne jo folstean mei de tekst {{Eigenwurk|~~~~}} by it oanbieden op te jaan of letter op de byhearrende side derby te setten.
At jo fragen hawwe lit dan efkes fan jo hearre op de oerlissiden (dizze of myn eigen, makket net út)
Groetnis Theun 26 mar 2007, 20.31 (CEST),
Fenus
[boarne bewurkje]Ik haw it weromsetten fan de tekst fan Fenus wat oars dien: Ik haw de lêste ferzje dy't noch goed wie opsocht, en dan op "wizigje" klikt en daalks op "fêstlizze". Dat is wat flugger as hoe't jo it dienen, en men is der wis fan dat wier alles weromsetten wurdt. Mysha
Titia Crab
[boarne bewurkje]Der stiet in lyts flaterke op Titia Crab: Hja is no doopt (Is dat geef Frysk?) doe't hja noch berne wie. Hokfoar jier is it goede? Mysha
Tankewol foar it oanjaan. It is yntuskentiid feroare. O.W.J.
Ottoanen
[boarne bewurkje]Hallo, Wat is it krekt wat jo besykje te dwaan mei dy Ottoanen? Mysha
- Ik besykje in oersicht te meitsjen fan de ferskate hearskers út de Ottoanen. Sa as men dat op de Hollânske en Dútske wikipedy dien hat. Meidogger:O.W.J. te Nijbroek
- Ik kin it sa gau op nl: en de: net fine, mar ik haw der in list fan makke. De útlis fan wat at it wie foar in slacht(e?) sille jo der dan sels efkes byskriuwe moatte. Mysha
Lach na Beinne
[boarne bewurkje]Jûn O.W.J. Jo hienen lêstendeis dwaande west mei Lach na Beinne. No stiet der op dit stuit neat mear op. Is it de bedoeling de side fuort te smiten of hienen jo der in oare bedoeling mei?--Swarte Kees 20 mrt 2009, 18.37 (CET)
Dizze side kin neffens my fuort, der wie in C fergetten.
Skilderijen
[boarne bewurkje]Ik haw sjoen dat jo siden oanmakke haw mei skilderijen. Komt dêr noch tekst by? Of moat is sa bliuwe?--J'88 18 des 2009, 19.58 (CET)
Dit is wol de bedoeling.
stobbes
[boarne bewurkje]Goeie nacht O.W.J., jo meitsje op it stuit in soad artikels oan dêr't it meastepart oansetsjes binne fan artikels. In protte fan dy artikels geane oer Ingelske dûmnee's.. At jo al dizze artikels byïnoar hâlde wolle, om letter fierder mei oan'e slach te kinnen, kin jo better it berjocht "stobbe-religy" deroan fêst plakke. Dan komme se yn in kategory en kinne jo se better werom fine. --Geoffrey 31 des 2009, 00.58 (CET)
Topografy
[boarne bewurkje]Hallo,
Ik wit net krekt hoe't it mei dy stobben sit, mar kin dder net in berjocht:
{{stobbe|topografy}} of {{stobbe|Fryske topografy}} op al dy siden? Dan bliuwt der de útnoeging op stean it út te wreidzjen. En der is ek noch in {{stobbe-geografy}}; dat koe faaks ek.
Mysha
- Neffens my soe dit ek it moaiste wêse; dit wie ek myn doel, mar it is my net goed slagge om de stobbe-topografy te meitsjen.O.W.J. te Nijbroek 19 jan 2010, 21.56 (CET)
- Faaks is stobbe-Fryske-topografy noch better O.W.J. te Nijbroek 19 jan 2010, 21.58 (CET)
Willem fan Vierssen
[boarne bewurkje]Middei O.W.J., ik ha sjoen datsto fan de wike in nij artikel oanmakke hast oer dizze persoan, mar der stiet noch neat oer de man yn. It likket my ta as wy in artikel oanmeitsje, wy der ek wat oer skreauwe moatte, want oars hat it ek gjin sin, tinkt my. De soest der ek noch it berjocht "Wurk" bysette kinne, dat jout dei de gelegenheid om der in alle rêst oan te wurkjen. Groetnis --Geoffrey 24 feb 2010, 16.14 (CET)
Flinters
[boarne bewurkje]Hoi O.W.J., wij hawwe al in side: Reade list fan oerdeiflinters. --Bernd 8 jun 2010, 10.58 (CEST)
Ja, dan is it wat dûbbel op. O.W.
Kleuren
[boarne bewurkje]Achte OWJ te N. Wat is jo bedoeling mei dizze lange brij fan kleurenammen? Drewes (oerlis) 29 jan 2016, 19.02 (CET)
Neffens my is der op ynternet net in soad te finen oer kleuren yn ús taal. Dizze list hie ik al fanwegen in oare reden oerset. Hy liket my dêrom ek geskikt om as in begjin fan in oersicht oer kleuren te tsjinjen
Wilhelmus Amesius
[boarne bewurkje]Geachte O.W.J. te Nijbroek, Omdat ik dat niet in het Fries kan doen, meld ik me maar in het Nederlands. Uw bijdrage over Amesius is kort, op zich prima. Maar dat u niet vermeldt dat hij van 1622 tot 1632 professor in de theologie aan de Friese universiteit van Franeker was, acht ik onjuist. Ik nodig u uit dat aan te passen. --Caspar stadjer (oerlis) 9 nov 2018, 19.59 (CET)