De Moanne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfold
Addbot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q13135192
Rigel 13: Rigel 13:


[[Kategory:Frysk tydskrift]]
[[Kategory:Frysk tydskrift]]

[[nl:De Moanne]]

De ferzje fan 13 mai 2013 om 22.05

De Moanne is in meartalich kultureel opinyblêd. It komt ienris yn'e moanne út. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. De Moanne bestiet sûnt 2002. De bydragen binne meast yn it Nederlânsk en it Frysk.

Yn De Moanne is it oant 2003 selsstannich ferskynde literêre tydskrift Trotwaer as literêr katern opnommen. De Moanne wie in útjefte fan de Afûk te Ljouwert, sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei útjûn troch Tresoar en de Fryske Akademy. Troch dy gearwurking krige De Moanne in oplage fan 3.000 eksimplaren yn 'e moanne.[1] De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it ynternet.

Sjoch ek

Ferwizing nei boarne

  1. De Moanne wurdt fernijd, Omrop Fryslân hiemside - 08 juny 2009

Keppeling om utens