Kleur: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: nv:Naashchʼąąʼ (missing)
Rigel 118: Rigel 118:
[[no:Farge]]
[[no:Farge]]
[[nrm:Couoleu]]
[[nrm:Couoleu]]
[[nv:Naashchʼąąʼ]]
[[oc:Color]]
[[oc:Color]]
[[pl:Barwa]]
[[pl:Barwa]]

De ferzje fan 17 mrt 2013 om 12.50

Kleurpotleaden

Kleur is in eigenskip fan ljocht dy't bepaald wurdt troch de gearstalling fan de ferskate golflingtes wêrút de ljocht bestiet. Minsken nimme ljocht waar as elektromagnetyske strieling mei in golflingte tusken 750 en 400 nanometer it each berikt. De gearstalling fan golflingtes wurdt it spektrum neamd.

De kleur fan in oerflak wurdt bepaald troch it diel fan it ljocht dat troch dat oerflak wjerkeatst wurdt.

Natuerkunde

Elektromagnetyske strieling kin ferskille yn golflingte en yntinsiteit. It deiljocht bestiet út in mingsel fan strieling fan ferskillende golflingtes.

At dizze strieling in golflingte binnen de foar misnken waarnimbere grins hat (ûngefear fan 380 - 740 nm) wurdt dizze strieling ljocht neamd. It spektrum fan it ljocht wurdt bepaald troch de yntinsiteit fan de ferskillende golflingten. It folsleine spektrum fan it binnenkommende ljocht by in foarwerp bepaalt it fisuele foarkommen fan it foarwerp, ynklusyf de kleurwaarnimming.

In oerflak dat alle golflingtes folslein absorbearret, wurdt swart neamd, in foarwerp dat alle golflingten folslein wjerkeatst, wurdt wyt neamd.

De bekende reinbôge toant in spektrum -- sa troch Isaac Newton yn 1666 neamd nei it Latynske wurd foar byld -- en befat alle kleuren dy't út in inkele golflingte fan sichtber ljocht bestean, it pure spektrum of de monogromatyske kleuren:

Kleur: read oranje giel grien blau Indigo fiolet
R O G G B I V
Golflingte (nm): 690 610 580 530 470 430 400

De hjirboppe werjûne tabel moat net as útputtend beskôge wurde, it spektrum fan kleuren is kontinu. Yn hoefolle kleuren it opdield wurdt hinget ôf fan in kombinaasje fan biopsychologyske en kulturele faktoaren. Alle talen dy't überhaupt kleurnammen hawwe (guo kultueren beneame kleuren net), tsjutte dêr yn elts gefal guon fan de objektive primêre kleuren of sekundêre kleuren mei oan. De sân tradysjoneel neamde kleuren yn ús streken, wurde maklik ûnthâlden mei it folgkjende ezelsbrechje: it letterwurd ROGGBIF stiet voor in volgorde: read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet. De folgjende sin wurdt brûkt om dizze folchoarder te ûnthâlden: ''Roddelje oer gekke grutte broer is falsk.''

Neist de boppeneamde spektrale kleuren is der in ekstraspektrale primêre kleur: magenta, de ekstraspektrale sektor fan de kleuresirkel omfiemet de rôze en pearse tinten.

Der binne ek in soad kleuren dy't in eigen namme krigen hawwe. Sjoch hjirfoar de list fan kleuren.

Ek sil de yntinsiteit fan in kleur fan ynfloed wêze op de waarnimming, bygelyks, in lege yntensiteit oranje sil as brún erfaren wurde.

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - kleur

Berjocht:Link FA