Yndianen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van no:Indianere naar no:Amerikanske urfolk og stammefolk
Rigel 67: Rigel 67:
[[nl:Indianen]]
[[nl:Indianen]]
[[nn:Amerikanske urfolk]]
[[nn:Amerikanske urfolk]]
[[no:Amerikanske urfolk og stammefolk]]
[[no:Indianere]]
[[nv:Bitsįʼ yishtłizhii]]
[[nv:Bitsįʼ yishtłizhii]]
[[oc:Pòbles indigènas d'America]]
[[oc:Pòbles indigènas d'America]]

De ferzje fan 28 feb 2013 om 01.35

Yndianen binne de oarspronklike bewenners fan Noard-, Sintraal- en Súd-Amearika. Neidat Kolumbus yn 1492 Amearika ûntdekt hie, tocht er yn India bedarre te wêzen, en neamde de bewenners dêrom Yndianen.

Noard-Amerikaanske Yndianen

Ofbyld:Nordamerikanische Kulturareale en.png
Noard-Amearikaanske Kultuergebieten

By de komst fan Kolumbus hienen de Yndianen fan Noard-Amerika in stammenstruktuer, wêrby't de ferskate stammen ûngelikense talen sprutsen en kultueren hienen. Wol binne der twa grutte kultuerregio's oan te wizen. De bekendste binne dy fan it uterste noarden (Arktysk gebiet) en dy fan de prairys yn it Midden-Westen, de Grutte Flakten. De measte minsken wennen hjir lâns de rivieren en wienen boer. Ek yn it easten en súdwesten fan Noard-Amearika wennen boeren. De wichtichste gewaaksen, lykas op de Grutte Flakten, wienen stynske weet, beannen en klabatsen. Fierders waard yn it súdwesten katoen en yn it easten sinneblommen ferboud. Tabak waard sawat oeral ferboud.

Sintraal-Amerikaanske Yndianen

Sintraal-Amearika (Meksiko oant en mei Panama) wurdt troch argeologen en historisy opdield yn twa haadgebieten, te witten Meso-Amearika (besteande út it sintrale en súdlike part fan Meksiko, Belize, Gûatemala, El Salvador en parten fan Hondûras, Nikaragua en Kosta Rika ) en Sintraal-Amearika (besteande út de moderne steat Panama en grutte parten fan Kosta Rika, Nikaragua en Hondûras).

Meso-Amearika is it gebiet fan ferneamde folkeren as de Azteken en de Maya's. Teffens is dit ien fan de seis gebieten op de wrâld (de oare binne de sintrale Andes, Egypte, Mesopotaamje, de Indusfallei en Sina ) dêr't tige iere technologysk komplekse kultueren ûntstien binne. De measte minsken wennen hjir yn stêden of wienen boer. Midden-Amearika waard lange tiid sjoen as "oergongsgebiet" tusken de "hege kultueren" fan Meso-Amearika en de Andes. Dêrom waarden Kolombia en Ekuador der ek gauris by rekkene. Tsjintwurdich stiet Sintraal-Amearika mear op himsels en krijt it in eigen plak yn de ynhiemske skiednis. Ek hjir wennen oarspronklik benammen boeren.

Súd-Amarikaanske Yndianen

Yn Súd-Amearika binne de wichtichste gebieten, de Andes en de Amazonebekken, histoarysk sjoen heart ek it Karibysk gebiet hjirby. De Andes en Peru binne sawat synonym oan de Inka's.