Ferskil tusken ferzjes fan "Septimius Sevearus"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
(de bôge)
Tagelyk hienen oare troepen yn oare parten fan it ryk om deselde reden ek harren kommandanten ta keizer útroppen: [[Klodius Albinus]] (gûverneur fan Brittanje) en [[Pessennius Niger]] (gûverneur fan Syrje). Lykwols hie Severus mear legioenen ta syn beskikking en ek wied er it tichtst by Rome. Hy sette him ta de haadstêd en liet keizer Julianus ôfsette en fermoardzje. De moardners fan Pertinaks waarden opspoard en ek terjochtsteld.
 
As earste moast Severus foar rêst soargje en him mei de oare útroppen keizers bemuoie. Dêrom sluet er frede mei Klodius Albinus en joech him de titel ''Caesar''. Dêrnei konsintrearre hy him op Pessennius Niger yn it easten. Dizze rivaal waard stipe troch in oan de [[Parten]] ûnderhearrige Mesopotamyske kening. Nei in bloedige striid yn [[Cilicia]] wie yn [[194]] it hiele keizerryk ûnder kontrôle fan Severus. Omdat er de Partyske rol as ynmingen yn Romeinske de oangelegenheden beskôge, foel er ek Irak binnen, dêr't hy yn 195 de steatjes Edessa en Nisibis anneksearre en omfoarme ta in nije provinsje, [[MesopotamiaMesopotaamje (Romeinske provinsje)|Mesopotaamje]].
 
Al gau beluts Severus syn soannen by it regear fan it ryk. Hy joech Karakalla yn [[195]] de titel ''Caesar'' en liet de [[senaat (Rome)|senaat]] Albinus ta steatsfijân ferklearje. Severus fersloech Albinus yn ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis, nammentlik yn [[slach by Lyon|Lugdunum]] op [[19 febrewaris]] [[197]]. Albinus moast flechtsje en die himsels tekoart.
Neidat Severus de steat yntern op oarde brocht hie woe hy dizze ek nei bûten ta fersterke. De eardere ferovering fan Mesopotaamje wie as definsive maatregel dien om de wolfearende provinsje Syrje mear feiligens te bieden, en yn dat ljocht moat ek syn twadde Partyske fjildtocht sjoen wurde. Yn 197/198 fear hy de rivier de [[Eufraat]] ôf en ferovere ferfolgens tegearre mei syn soans [[Partje|Partia]] en de haadstêd [[Ctesiphon]] dy't troch him leechrôve waard, alle manlju deade en de om-ende-by hûnderttûzen froulju en bern dy't it oerlibbe hienen as slaven meinomd. Karakalla krige no de titel fan ''Augustus'' (meikeizer) en syn jongste soan Geta joech er de frijkommende titel ''Caesar''. Yn [[209]] liet er ek Geta beneame as meikeizer.
 
Fan 208 oant 211 wie Severus in Brittanje en joech dêr lieding oer oan in rige fjildtochten tsjin de [[Kaledoanjers|Kaledoanyske]] stammen út wat tsjintwurdich Skotlân is.
 
== Ein ==
5.542

bewurkings

Navigaasjemenu