Klodius Albinus
Klodius Albinus (sa. 150 - 19 febrewaris, 197) wie in Romeinske keizer. Syn namme albinus bestjut "wyt", wyls ien fan syn konkurrinten Pessennius Niger hjitte, waans niger "swart" bestjut. Hy wie tusken 193 en 197 achterinoar usurpator, caesar en keizer.
Ofkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albinus kaam út in aadlik provinsjaal laach mei in soad lân yn Noard-Afrika. Hy makke opgong yn de Romeinske tsjinst en hie ferskate funksjes, û.o. gûverneur yn Galje (fan Galje Belgika) en letter fan Brittanje (192).
Boargerkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't nei de moard op keizer Pertinaks yn 193 de troan troch de Pretoariaanske Garde foar in soad jild ferkocht waard oan de rike senator Didius Julianus, kaam it Romeinske leger oeral yn it ryk yn opstân en rôp harren kommandanten út ta keizer, û.o. Pescennius Niger yn Syrje en Septimius Severus yn Pannoanje. Lykwols hie Severus de measte troepen ta syn foldwaan en wied er it tichtst by Rome.
Yn de boargerkriich dy't dêrop folge wie Albinus earst in bûnsmaat fan Severus tsjin Pessennius Niger. Hy akseptearre de titel fan Caesar fan Severus, mar bleau lykwols de feitlike machthawwer oer in grut part fan it westlik ryk. Hy hie stipe fan de Britske en de Spaanske legioenen.
Uteinlik kaam der yn konflikt mei Severus doe't dizze Pessinnius Niger ferslein hie yn it eastlik part fan it Romeinske Ryk en besocht om Albinus út de wei te romjen.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oanslach op Albinus misleare, mei as gefolch dat hy himsels ta keizer beneamde ein 196, (Imperator Caesar Decimus Clodius Septimius Albinus Augustus). Mei it leger stuts er oer nei Galje en naam dêrby sawat alle Britske garnizoenen mei. Hy fersloech in Romeinske leger dat him tsjinhâlde moast en lei dêrnei beslach op de militêre reserves fan Galje.
Yn febrewaris 197 moete it leger fan Albinus dat fan Severus yn de omkriten fan Lugdunum. De fjildslach dy't dêr fjochten waard, is bekend as de slach by Lugdunum. Nei in hurde striid, dêr't 150.000 soldaten oan meidienen, neffens Cassius Dio, waard Albinus ferslein en die himsels tekoart.