Springe nei ynhâld

Geta

Ut Wikipedy
Buste fan Geta, Louvre yn Paris.

Publius Septimius Geta (Milaan, 7 maart 189Rome, 26 desimber 211) wie Romeinsk mei-keizer tagelyk mei syn heit Septimius Severus, fan 209 oant syn dea op 4 febrewaris 211, en dêrnei mei syn broer Karakalla oant hy ein desimber 211, troch deselde broer fermoarde waard.

Geta wie de jongste soan fan Septimius Severus by syn twadde frou Julia Domna. Hy waard berne yn Rome, yn de tiid dat syn heit gûverneur wie yn tsjinst fan keizer Kommodus.

Geta kaam wat wichtigens oanbelanget altyd op it twadde plak, nei syn broer Lusius, better bekend as Karakalla. Miskien dat harren relaasje hjirtroch fan it begjin oan ôf moedsum wie. Konflikten tusken beide broers moasten altyd troch bemiddeling fan harren mem bylein wurde.

Doe't Septimius Severus begjin 211 yn Brittanje ferstoar, waarden Karakalla en Geta tegearre as keizer beneamd en kearden werom nei Rome.

De twa bruorren bleauwen it min meiïnoar finen en al sûnt it stuit dat beiden tegearre de troan bestige, hâlden sy ôfstân. Hja hienen sels it plan opfette it keizerryk yn twa parten op te dielen. Geta soe oer it easten hearske, en Karakalla oer it westen. Harren mem Julia Domna foarkaam dizze twadieling fan it Romeinske Ryk.

Geta, dy't wist dat syn broer him fermoarde litte soe as er de kâns krige, socht safolle mooglike meistanners en syn populariteit waakste. Foar Karakalla wie dat faaks de reden om him snel likwideare te kinnen en plânde dat foar 17 desimber 211. Dat komplot lekte lykwols út en Geta fergrutte syn waaksumens. Harren mem aksepteare dêrop it foarstel fan Karakalla om in privégesprek tusken har en de twa bruorren te regeljen sadat de skellen bylein wurde koenen. It die bliken dat de ôfspraak wol in falstrik wie en de 22-jierrige Geta waard troch binnenstormende soldaten yn it bywêzen fan syn mem op befel fan Karakalla fermoarde.

Karakalla kocht dêrop de Praetoriaanske garde om en alle om-ende-by 20.000 meistanners fan Geta waarden opspoard en fermoarde, nettsjinsteande harren status: fan soldaat oant senator.

De datum fan de moard op Geta is omstriden. Tradisjoneel wurdt dizze pleatst yn febrewaris 212, mar tsjintwurdich wurdt oan de hân fan sterke oanwizings algemien oannomd dat de moord ein desimber 211 wie.

De grêftombe fan Geta stiet flak bûten de poarten fan Rome oan de Via Appia.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]