Teuderik I: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Theuderik I
Rigel 31: Rigel 31:
[[la:Theudericus I (rex Austrasiae)]]
[[la:Theudericus I (rex Austrasiae)]]
[[lb:Thierry I.]]
[[lb:Thierry I.]]
[[nl:Theuderik I]]
[[no:Teoderik I av Austrasia]]
[[no:Teoderik I av Austrasia]]
[[pl:Teuderyk I]]
[[pl:Teuderyk I]]

De ferzje fan 15 mai 2011 om 21.38

Teuderik I (485-533) wie in Frankyske kening dy't oer it eastlike part fan it Frankyske ryk, Austraasje hearske.

Skiednis

Teuderik waard om 485 berne, hy wie de âldste soan fan kening Klovis I dy't alle Frankyske folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn Galje. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. De jongere broers fan him hiene in oare mem, Klotildis, in Boergondyske prinses.

Yn opdracht fan syn heit Al in 508 liede hy in fjildtocht yn Auvergne. Nei de dea fan syn heit yn 511 waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan Austraasje, it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er Reims. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn Germaanje. Mei syn broer Klotarius I late hy yn 531 in fjildtocht tsjin de Türingers yn Türinge en ferovere grutte parten tusken de rivieren de Elbe en de Main.

Doe't hy twa jier letter (533) troch kening Herminafrid fan Türingen útnoege waard foar in besyk oan Zülpich waard hy lykwols fan de stedsmuorre ôfsmite en ferstoar. Syn soan Teudebert I folge him op as kening fan Austraasje.