Yslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: sg:Islande - oars: ar:آيسلندا, bar:Island; tekstwiziging
L Bot: afbeelding Is-lokaasje.png vervangen door LocationIceland.png
Rigel 4: Rigel 4:
flagge = Is-flagge.png |
flagge = Is-flagge.png |
wapen = Is-wapen.png |
wapen = Is-wapen.png |
lokaasje = Is-lokaasje.png |
lokaasje = LocationIceland.png |
motto = |
motto = |
folksliet = Lofsöngur |
folksliet = Lofsöngur |

De ferzje fan 27 feb 2010 om 15.19

Lýðveldið Ísland
Flagge fan Yslân Wapen fan Yslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Yslân
Offisjele taal Yslânsk
Haadstêd Reykjavík
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
103.125 km²
2,70­%
Ynwenners (2004) 293.291
Munt Króna (ISK)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei 17 juny
Lânkoade ISL
Ynternet .is
Tillefoan 354

Yslân is in lân yn Noardwest-Jeropa. De haadstêd is Reykjavík en de presidint fan de republyk is sûnt 1996 Ólafur Ragnar Grímsson. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Yslân in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Yslân lid fan de Noardske Ried.

Geografy

Lizzing

Yslân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Yslâns lânskip.

Foar it meastepart bestiet Yslân út leech- en middel-berchtme, wêr't in protte rivieren en rivierkes fan nei de see streame. It berchtme is amper begroeid mei bosken. De heechste berch is de Hvannadalshnúkoer op 2110 meter hichte. It eilân is ferneamd troch syn geisers. It binnenlân wurdt sawat net bewenne; it tichtst befolke gebiet leit oan de súdwestkust om de haadstêd Reykjavík hinne.

Klimaat

Yn it suden fan it eilân soarget de waarme golfstream dy't bylâns de kust streamt foar in evenredich klimaat dat lykwols kâlder is as yn Jeropa troch de wyn dy't meastentiids út it noarden waait.

Skiednis

De iere Romeinen en Griken hienen al fermoedens dat der noardlik fan de Britske eilannen in grut eilân lizze moast. It "Ultima Thule", dêr 't de Romeinen yn oer berjochten, giet nei alle gedachten oer Yslân, mar wissichheid hjiroer ûntbrekt lykwols. Ut argeologyske fynsten docht bliken dat de Romeinen sels foet oan wâl setten hawwe, mar de earste minsken dy't in skoft lang op Yslân wenne hawwe wienen Ierske muontsen. Mei de komst fan de Wytsingen binne sy ferdwûn.

Yn de 9e ieu kamen de bewenners fan Noarske ôfkomst dêrhinne. De earste Wytsing dy't him foarfêst op Yslân festige wie Ingólfur Arnarson. Hy lanne yn 874 oan de súdkust en festige him om-ende-by 877 oan in baai yn it súdwesten. Dat plak neamde hy Reykjavik. Sûnt dy tiid waard it eilân stadichoan folslein kolonisearre.

Yn 1262 waard Yslân ûnderhearrich oan de Noarske monargy. Yn de 14e ieu waard Noarwegen feriene mei Denemarken en doe't yn 1814 dizze lannen wer skiede waarden, kaam Yslân by Denemarken te hearren.

Befolking

De ynwenners fan Yslân binne ôfstammelingen fan de Wytsingen, fermingd mei Skotske en Ierske ymmigranten. De measte bûtenlanners binne Denen. Sawat de helte fan de befolking wennet yn de omjouwing fan de haadstêd Reykjavík.

Godstsjinst

Sawat 85% fan de ynwenners is oansletten by de Luterske tsjerke.

Ekonomy

BYP per persoan is $40.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,2% lânbou, 25,7% yndustry en 69,1% tsjinsten.

Transport

Wichtichste havens binne Grundartangi, Hafnarfjordur en Reykjavik. Riga hat it grutste fleanfjild fan Yslân. Der binne gjin autodiken op Yslân. Der is ek gjin treinferkear op it eilân.

Yslân hat (2006):
13.058 km ferhurde dyk.

Berjocht:Link FA