Hongarije: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lmo:Üngheria
Rigel 161: Rigel 161:
[[ru:Венгрия]]
[[ru:Венгрия]]
[[sa:हंगरी]]
[[sa:हंगरी]]
[[sah:Мадьаар Сирэ]]
[[scn:Unghirìa]]
[[scn:Unghirìa]]
[[sco:Hungary]]
[[sco:Hungary]]

De ferzje fan 15 des 2008 om 20.13

Magyar Köztársaság
Flagge fan Hongarije Wapen fan Hongarije
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hongarije
Offisjele taal Hongaarsk
Haadstêd Budapest
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
93.030 km²
0,74­%
Ynwenners (2008) 9.930.915
Munt Forint (HUF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 20 augustus
Lânkoade HUN
Ynternet .hu
Tillefoan 36

Hongarije (hongaarsk Magyarország) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Boedapest en de presidint fân de republyk is sûnt 2005 László Sólyom. Hy folge Ferenc Mádl op dy't sûnt 2000 presidint west hat.

Geografy

De Donau en de Tisza binne de grutste rivieren yn Hongarije. Yn it súdeasten fan it lân leit de Hongaarske leechflakte wêrfan de Pûsta in unyk gebiet is omdat dêr gjin beammen waakse. De Balatonmar mei in oerflak fan 592 km² is de grutste mar yn Hongarije.

Hongarije wurdt begrinzge troch:

Skiednis

Yn it tiidrek 1867 — 1918 wie Hongarije in dûbelmonargy as Eastenryk-Hongarije. Nei it ferlies fan de Earste Wrâldkriich waard Hongarije twa-tredde lytser yn oerflak en rekke in trije-fjirde diel fan syn ynwenners kwyt. Mei help fan Nazi-Dútslân waarden Transylvaanje en Slowakije op 'e nij troch Hongarije beset. Yn 1944 wie it wis dat Nazi-Dútslân de kriich ferlieze soe en Hongarije besocht de diplomatyske relaasje mei de alliearden oan te heljen. Yn datselde jier waard Hongarije troch de Dútsers beset.

Hongarije wie yn 'e tiid fan de Kâlde Kriich in eastbloklân. Yn 1991 waard Hongarije ûnôfhinklik.

Demografy

Yn 2008 hie Hongarije 9.930.915 ynwenners, wêrfan 92 % Hongaarsk. Minderheden binne de Dútsers, Roma, Slowaken en Kroaten.

Gearwurking

Hongarije wie fan 1955 oant 1991 stiftend lid fan it Warsjaupakt. It lân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1990 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1999 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Yn 2004 is Hongarije lid wurden fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.