Hegebeintum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L ynwenenrs en ferskaat
→‎Mienskip=: korreksje
Rigel 11: Rigel 11:
Fan it eardere kleaster [[Foswert]], tusken [[Ferwert]] en [[Wânswert]], oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters [[De Traan]] en de [[Ferwerter Feart]] nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de [[Vogelzangsterwei]] nei [[De Ryp]]. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.

=Mienskip==
==Mienskip==
Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.
Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.
==Befolking:==
==Befolking:==

De ferzje fan 24 mai 2008 om 21.42

de himrik fan Hegebeintum

Hegebeintum is in terpdoarp yn de gemeente Ferwerderadiel. Mei likernôch 120 ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP.

De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne. It typysk Fryske tsjerkje stiet iepen foar besichtiging. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden. Underoan de terp is in besikerssintrum. Krekt bûten Hegebeintum stiet de Harsta State mei in stinzefloara.

It besjen wurdich

It typysk Fryske tsjerkje mei stikken dowestien út de 13e ieu) dat boppe-op de terp fan Hegebeintum stiet kin besichtige wurde; ûnderoan de terp is in besikerssintrum. Yn dit Argeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. Hjir bewarret men in grutte kolleksje rouboerden mei kleurige wapens faan foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en de Schepper fan Harsta-state dy't hjir nei tsjerke giene. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Ferwerderadiel.

Wat bûten it doarp leit de Harsta State, in stins mei in mânske esk yn de tún. Dit is teffens in Bêd-en-Brochje lokaasje en hat in teetún.

Burmaniapaad

Fan it eardere kleaster Foswert, tusken Ferwert en Wânswert, oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters De Traan en de Ferwerter Feart nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de Vogelzangsterwei nei De Ryp. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.

Mienskip

Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.

Befolking:

Strjitten:

Alde Feart, De Wym, Harstawei, Hege Tsjerkewei, Master Boeleswei, Mieddyk, Patroanswei, Pypkedyk, Underom, Vogelzangsterwei.

Keppeling om utens