Pius XI: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
17 bytes grutter ,  7 moannen lyn
No edit summary
 
Op 25 novimber 1938 waard paus Pius XI troffen troch twa hertoanfallen. Sûnt begjin febrewaris 1939 waard it hurd minder mei de paus. Op 7 febrewaris waard kardinaal Pacelli tynge dien dat it der op like dat it ein gaueftich tichterby kaam en op 10 febrewaris 1939 om 05:31 ferstoar de paus troch in nije hertoanfal yn it Apostoalysk Paleis. De paus waard yn de [[krypte]] fan de [[Sint-Pitersbasilyk|Sint-Piter]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] byset. [[Benito Mussolini|Mussolini's]] réaksje op de dea fan Pius XI wie: "dy âlde koppige man is dea en dat soe tiid wurde".
 
By it útgraven fan de romte foar syn grêf waarden yn de 20e iuw twa ferdjippings bleatlein, dêr't ea minsken begroeven wiene. Njonken ferskate oare tombes waard ûnder de flier ek in grêf mei bonken fûn, dat oan [[Petrus (apostel)|Petrus]] tawiisd waard. De ûnderierdske grêffjilden kinne op oanfraach besichtige wurde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.392

bewurkings

Navigaasjemenu