Pius XI: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
1 byte grutter ,  1 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(Side makke mei "{{Ynfoboks kristlik lieder | ôfbylding = Papst Pius XI. 1JS.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | namme = Pius XI | amt = paus fan Rome | titel = | tsjerke = Roomsk-Katolike Tsjerke | aartsbisdom = | tsjerkeprovinsje = | metropoal = | bisdom...")
 
No edit summary
Pius XI produsearre in soad [[ensyklyk|ensykliken]]. De ensyklyk "Studiorum ducem" (29 juny 1923) waard oan it 600-jierrich jubileum fan de hillichferklearring fan [[Tomas fan Akwino]] wijd; dy syn wurk en tinken stiet ek hjoeddedei sintraal yn de katolike [[filosofy]] en [[teology]]. Hy publisearre yn 1931, fjirtich jier nei de earste sosjale ensyklyk "Rerum novarum" fan paus [[Leo XIII]], "Quadragesimo anno" ([[Latyn]] foar Fjirtich jier letter"), in ensyklyk oer it ynklouske [[kapitalisme]] fan it ynternasjonale jild-wêzen en sosjale rjochtfeardigens. "Quas primas" (Latyn foar "Yn de earste") wie in op 11 desimber 1925 troch paus Pius XI útfeardige ensyklyk, wêrmei't er as réaksje op it anty-klerikalisme it heechfeest [[Feest fan Kristus Kening|Kristus-Kening]] yntrodusearre.
 
Yn syn tiid hie de paus te meitsjen mei de opgong fan it [[kommunisme]] en it faksisme, dat er feroardiele. Yn de ensyklyk "Non Abbiamo Bisogno" ([[Italjaansk]] foar "Wy hawwe gjin ferlet", 18 juny 1931) joech er krityk op it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Faksisme|faksistyske]] rezjym. Nei in rige fan diplomatike protesten joech er út soarch oer it [[rasisme]] en [[nasjonaalsosjalisme]] op 14 maart 1937 de ensyklyk "Mit brennender Sorge" út. Hast tagelyk folge "Divini Redemptoris" op 19 maart 1937 tsjin it yn [[Ruslân]] hearskjende kommunisme. Mei de ensyklyk "Nos es muy conocida" ([[Spaansk]] foar "It is ús tige bekend", 28 maart 1937) sette de paus it yn 'e kant tsjin de ferfolging fan de Tsjerke yn [[Meksiko]].
 
== Konkordaten ==
8.771

bewurkings

Navigaasjemenu