Ferskil tusken ferzjes fan "Saul fan Israel"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
L (st)
 
 
== It hûs fan Saul ==
Saul wie de soan fan Kisj út de famylje Matry en hearde by de stamme fan de [[Stam fan Benjamin|Benjaminiten]], ien fan de tolve stammen fan Israel. Hy kaam út Gibeä (1 Samuel 10), in plak dat nei alle gedachten likernôch 5 kilometer noardlik fan [[Jeruzalim]] lei. Tegearre mei syn frou [[Achinoäm]] krige Saul fjouwer soannen ([[Jonatan (soan fan Saul)|Jonatan]], [[Abinadab]], [[Isjbosjet]] en [[Malkisjûa]]), en twa dochters ([[Mearab]] en [[Mikal (bibelsk persoan)|Mikal]]). [[Rispa]] wie in byfrou fan Saul en krige mei him twa soannen: Armony en [[Mefibosjet (soan fan Saul)|Mefibosjet]] (2 Samuël 21:8).
 
Saul makke himsels fan kant nei in slach mei de Filistinen op it berchlân Gilboä (1 Samuël 31:3), om't hy benaud wie oars yn hannen fan de Filistinen te fallen. Trije soannen fan Saul, Jonatan, Abinadab en Malkisjûa, waarden krekt efkes earder tidens harren flecht troch de Filistinen ynhelle en fermoarde. Saul waard letter begroeven yn Sela yn it lân fan Benjamin.
7.261

bewurkings

Navigaasjemenu