Whale tail

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In frou mei in opsetlike whale tail.

In whale tail (útspr.: [we:l te:l], likernôch "û-eel teel") is de Y-foarmige ferbining fan 'e mulbân en string fan in frouljusslipke, dat te sjen is boppe de mulbân fan har leechhingjende broek of rok út. Dizze Ingelske term betsjut letterlik "walfiskesturt", en wurdt foar dit fenomeen brûkt om't in walfiskesturt likernôch deselde foarm hat, om't in sturt op itselde anatomyske plak sit en om't it gewoan lekker rymt. It wurd whale tail waard yn jannewaris 2006 troch it Amerikaanske Dialektgenoatskip útornearre as it 'meast kreätive' wurd fan 2005.

Faak is in whale tail ûnopsetlik, en ûntstiet er as de frou sit of foaroer bûcht, wêrby't de broek of rok strak oer har stuten (en dus in eintsje omleech) lutsen wurdt. Hoe faak oft dat foarkomt, hinget hielendal ôf fan 'e omstannichheden en fan it soarte slipke en it soarte broek of rok dat se oan hat. It komt lykwols ek foar dat whale tails opsetlik oanbrocht wurde, troch de broek of rok ekstra leech te dragen en tagelyk it slipke ekstra heech op te lûken.

It sjen litten fan whale tails waard populêr yn 'e iere jierren 2000, doe't ek leechhingjende broeken en stringûnderguod foar froulju yn 'e moade kamen. De whale tail-trend waard popularisearre troch in stikmannich ferneamde froulju, lykas de sjongsters Christina Aguilera, Britney Spears, Mariah Carey en Victoria Beckham, realitystjer Paris Hilton, glamourmodel Jordan en tennister Anna Koernikova. Tsjin 2010 wiene whale tails lykwols al wer 'út'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.