Springe nei ynhâld

Wetterskip De Snitser Aldfeart

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wetterskip de Snitser Aldfeart)
Wapen Wetterskip de Snitser Aldfeart

Wetterskip de Snitser Aldfeart (De Sneeker Oudvaart) is in yn 1916 oprjochte wetterskip dat it gebiet om de Snitser Aldfeart hinne bemealde. It bemeallingsgebiet fan it wetterskip lei yn de (eardere) gemeenten Raerderhim, Idaerderadiel, Wymbrits en Snits. De Snitser Aldfeart wie dêrmei oant de 70-er jierren fan de 20e iuw mei 5127 hektare ien fan de grutste wetterskippen yn Fryslân. Op 1 jannewaris 1981 is de Snitser Aldfeart opheft en opgien yn wetterskip De Middelsékrite. It gebiet fan it eardere wetterskip De Snitser Aldfeart makket sûnt 2004 diel út fan Wetterskip Fryslân.

Yn 1911 kaam it bestjoer fan Wetterskip De Heareburch mei plannen om in nij, foar dy tiid grutskalich, wetterskip op te rjochtsjen en sa de wetterbehearsking yn it wetterskipsgebiet te reorganisearjen. It doel wie om it nije wetterskipsgebiet te bemeallen mei twa gemalen. De plannen waarden troch de yngelannen mei krappe mearheid ôfstimd. De bestjoerders lieten it der lykwols net by sitte. Tegearre mei dy fan Wetterskip De Grienedyk en in tal lâneigners giene se yn 1913 nei it Provinsjaal bestjoer mei in plan dat útwurke wie troch J.G.W. Kiezebrink fan Snits. Dat plan omfieme in folle grutter gebiet as it oarspronklike. Yn grutte halen kamen de plannen hjir op del:

  • It ôfsluten fan it nije wetterskipsgebiet fan de Fryske boezem
  • It oanlizzen fan in tal slûzen om de farferbinings yn stân te hâlden
  • It redusearjen fan de lingte fan de polderdiken fan 170 oant 30 km.
  • It bouwen fan ien steamgemaal om sa de ûngefear 110 wynmoles te ferfangen.
  • It ferbetterjen fan de farwegen yn it gebiet

De plannen moasten meiïnoar goed trije ton yn gûnen kostje. De provinsje fielde der wol foar. Yn 1916 waard in foarriedich bestjoer keazen en it wetterskipsreglemint troch de Kroan goedkard. Omdat it gebiet sa grut wie, waard in ekstra bestjoerslaach yn it libben roppen, it 'kolleezje fan folmachten' dat tegearre mei it deistich bestjoer de lieding hie oer it wetterskip. De foarsitter waard beneamd troch Deputearre Steaten.
De earste ferkiezing fan folmachten wie yn yn 1919, wêrnei't ek in keazen bestjoer ynstallearre wurde koe. Yn dat selde jier waarden de âlde wetterskippen yn it gebiet, De Griene Dyk, De Heareburch en It Jirnsumer Fjild, opdûkt.

Fan plannen nei realisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike plan om it gebiet mei ien grut gemaal te bemeallen waard loslitten. Ynstee dêrfan kamen der trije elektryske gemalen: by De Domp, de Gaustersyl en De Mûzel by Jirnsum en trije wynmotors oan de Tersoalsteropfeart, op de Grutte Wieren en ien by Dearsum. De kosten foelen troch de destiidske hege ynflaasje ek gâns heger út as oarspronklik begrutte: gjin trije ton, mar sawat 1,7 miljoen gûne.

Ruilferkaveling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wetterskip hie in grutte ynfloed op de ruilferkaveling dy't yn de 60-er en 70-er jierren yn it gebiet syn beslach krige. De ynfloed dêrfan op de wetterbehearsking yn it gebiet wie grut. Yn dy tiid waarden ek ferskate nije wegen yn it gebiet oanlein omdat de betsjutting fan it ferfier oer it wetter ôfnaam wie. De gemalen by Jirnsum en by de Gaustersyl waarden fernijd. It gemaal by De Domp kaam te ferfallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fries Archiefnet