Springe nei ynhâld

Wetterskip De Grienedyk

Ut Wikipedy

Wetterskip De Grienedyk (offisjele namme De Groenedijk c.a.) wie in wetterskip yn de (eardere) gemeenten Snits en Wymbritseradiel. It gebiet fan it wetterskip wie likernôch 1.250 hektare grut. Mei de oprjochting fan it wetterskip yn 1883 waard dúdlik makke wa't wêrfoar yn it gebiet ferantwurdlik wie.

It wetterskip wie ûnder oaren ferantwurdlik foar:

Hiel lang hat it wetterskip net bestean. Yn 1916 giene de aktiviteiten oer nei Wetterskip de Snitser Aldfeart. Yn 1919 waard De Grienedyk formeel opheven.

Sûnt 2004 is it wetterskipsgebiet part fan Wetterskip Fryslân.