Wetterskip It Jirnsumer Fjild

Ut Wikipedy

Wetterskip It Jirnsumer Fjild wie in wetterskip yn de eardere Fryske gemeente Raerderhim.

It wetterskip waard yn 1879 oprjochte en hie as doel it beskermjen fan lânbougrûn yn de krite fan Jirnsum oertallich boezemwetter. Mei in gebiet fan 142 hektare wie it ien fan de lytsere wetterskippen. Yn 1916 is It Jirnsumer Fjild opgien yn it nije Wetterskip de Snitser Aldfeart, neidat it bestjoer al yn 1910 in fersyk dien hie oan de Provinsje om de lapen gear te smiten mei Wetterskip De Heareburch. De formele opheffing fûn plak yn 1919.

It gebiet fan It Jirnsumer Fjild makket sûnt 2004 diel út fan Wetterskip Fryslân.