Springe nei ynhâld

Weidman (Michigan)

Ut Wikipedy
Weidman
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Isabella County
Township Nottawa Township
Sherman Township
Sifers
Ynwennertal 879 (2000)
Oerflak 15,0 km² (ynkl. wetter)
14,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 61,5 / km²
Hichte 272 m
Oar
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 43°41′15″N 82°58′08″W
Kaart
De lizzing fan Weidman yn Isabella County en yn 'e steat Michigan.

Weidman is in census-designated place, oftewol in doarp, yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Michigan. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 hie Weidman doe likernôch 880 ynwenners. It plakje hat sûnt 2011 bekendheid krigen trochdat de praktyk fan bistedokter Jan Pol der fêstige is, dy't folge wurdt yn 'e populêre realitytillefyzjesearje The Incredible Dr. Pol, op it National Geographic Channel.

Weidman beslacht in oerflak fan 15 km², en leit op in hichte fan 272 m boppe seenivo. It is sitewearre op 'e grins fan Nottawa Township yn it easten, en Sherman Township yn it westen. It part fan Weidman yn Nottawa Township leit boppedat foar in diel op it grûngebiet fan it Isabella Yndianereservaat fan 'e Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan, dat in federaal erkende Yndianestamme is. It grutste part fan it doarp leit oan 'e súdkant fan it lytse Lake of the Hills, in opslachmar dy't foarme is troch de oanlis fan in keardaam yn 'e rivier de Coldwater.

Weidman hat in befolkingstichtens fan 61,5 de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Weidman 14,4% âlder as 65 jier en 26,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 29,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 9,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 9,7% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier en 10,2% fan 'e kategory fan boppe de 65 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 93,9% blanken; 3,5% Yndianen; 1,0% Latino's; 0,3% swarten; 0,2% Aziaten; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.